Sopaksje foar sinteklaasyntocht
Sneon 23 novimber komt Sinteklaas oan yn Reduzum.
Om ien en oar te bekostigjen hawwe wy ek dit jier wer in geweldige sopaksje!
Eigenmakke sop fan Soepie Soep!
Foar € 7,50 hawwe jo in liter (farsk ynferzen) sop.
En mar leafst fjouwer soarten dêr’t jo út kieze kinne:
Fryske mostersop, rjemmige fergetten grientesop, snert en gûlasjsop.
Bestelle kin oant 15 novimber troch in mailtjse te stjoeren nei:
activiteitencommissierdz@gmail.com
as in bryfke mei jo bestelling en namme yn te leverjen op Haedstrjitte 17, Reduzum.
Ophelje kin op freed 22 novimber by Café Bar de Welp tusken 18.00 en 20.00 oere. Hjir kin kontant en fia de pin betelle wurde.
