Jaarvergadering Linepraat
Jierferslach fan de Linepraat 2025
Op 13 maart ha we in goed besochte jierfergadering hân. Wy ha ôfskied nommen van ús ponghâlder Jet Andringa en Jurjen Sikkes wolkom hjitten yn it bestjoer. Hy nimt de funksje fan Jet oer. Ek Hendrik Hofstra wurdt wolkom hjitten, hy komt de redaksje fersterkjen.
We stinselje no al goed oardel jier de Linepraat net mear yn eigen behear. Us doarpskrante wurdt no printe by Drukkerij Zalsman yn Zwolle. It befalt goed, de Linepraat sjocht der alle kearen prachtich út. Dit komt ek mei troch dat in soad advertearders tsjintwurdich harren advertinsje yn kleur printsje litte. Dat smyt mear op en dêrtroch kinne wy ek oare kopij yn kleur ôfdrukke.
We mochten dit jier rekkenje op finansjele stipe fan de trije doarpsbelangen, fan de tsjerke, Rabo ClubSupport, de doarpsmûne en fan de frijwillige bydrage dy’t wy fan de lêzers ûntfange mochten. Hjir binne we tige wiis mei.
Ofrûne simmer is der in lêzersûndersyk holden. De Linepraat is aardich feroare de lêste jierren en we woenen graach wat ‘feedback’ ha. Hokker rubryk en ynformaasje wurdt op priis steld en wat soe der neffens de lêzer oars kinne of moatte. Oer it algemien wiene it positive berjochten dy’t wy werom krigen. De ‘wisten jo’s ‘ en de ynterviews wurde it measte lêzen en de ferhâlding Frysk/Nederlânsk wurdt as goed oanjûn. We geane moai op deselde foet fierder.
Yn oktober ha we it jierlikse útsje. We gean mei-inoar nei it skûtsjemuseum dêr’t we hertlik ûntfongen wurde troch Sijmon en Geartsje Bergsma dy’t harren dêr as frijwilligers ynsette. We ha moaie ferhalen heard en in nijsgjirrige rûnlieding hân. Oanslutend wie der in hearlik buffet fan André Zijlstra. Dizze jûn nimt Afke fan Gorkum ôfskied fan Linepraat. Afke hat belutsen west fan de oprjochting ôf en sawat alle funksjes beklaaid. Sawol yn it bestjoer as by de redaksje, by de pakkers en de rûnbringers. Afke hat har paadsje mear as skjinfage! Afke wurdt yn ’e blommen setten en ûnder applaus betanke foar har jierrenlange ynset.
It is spitich dat Gerrit Jeuring him yn desimber weromlûkt as einredakteur. Hy hat mei in bulte flêr alles goed op ’e rit setten yn ’e redaksje en der syn eigen draai oan jûn. It wie tige noflik wurkjen mei dizze entûsjaste man dy’t wit wêr’t er it oer hat. We ha Janneke Broers ree fûn om syn taak fan april ôf oer te nimmen. Eins soe der noch in persoan by moatte sadat je de taken wat ferdiele kinne en by sykte as fakânsje it faninoar oernimme kinne. Wa fielt dêr wat foar?
Koos Wieling hâldt op mei it skriuwen fan syn ‘stikjes’ dy’t hy alle moannen oanleveret. Koos bliuwt wol belutsen by Linepraat om benammen de Fryske stavering te hifkjen. En ek Janet Wynstra hat oanjûn te stopjen mei de ynterviews mei skoalbern. Menno hat by beide lâns west en harren betanke mei blommen.
Der wie ek dit jier wer tryst nijs. Yn oktober krije we it ferskriklike berjocht dat ús foarmjouwer Titia Tilma har man Jappie Terpstra slim siik is. Titia lûkt har wat werom en Jeltsje Brouwer nimt foarearst safolle mooglik har taken oer. Moai dat it sa kin. Tsjeppy en Hylke Hijlkema joegen yn desimber oan dat de sûnens fan ús nestor Hylke it net langer talit om harren frijwilligerswurk te dwaan. Tsjeppy hat jierrenlang ferskate funksjes hân en Hylke hat wit hoe lang de Linepraat rûnbrocht. Se krije tegearre in grut bosk blommen fansels.
Mar wat is it libben dochs wreed. Ein jannewaris moat Titia spitigernôch har Jappie al misse en goed trije wike letter stiet ek Tsjeppy der allinnich foar …
No is it alwer maart en sitte wy mei-inoar om ’e tafel foar ús jierfergadering. Wy geane mei moed fierder om stees mar wer in noch moaiere Linepraat te meitsjen. Nije gesichten hawwe west of komme ynkoarten del om te sjen oft it redaksjewurk wat foar harren is. Sy binne fansels fan herte wolkom!
Marjan de Jager

