Douwe Sikke Bangma

Yn Reduzum ha we de Douwe Sikke Bangmastrjitte. Dy strjitte kaam der yn 1970. De nammejouwer, Douwe Sikke Atzes Bangma, is berne op 22 maaie 1897 yn Munnikebuorren (Weststellingwerf) en waard letter fleiskarmaster yn de gemeente Idaerderadiel. Hy wie troud mei Sjoukje Gabes van der Meer. Se krigen twa bern, de jonges Atze Douwes en Gabe Douwesz. Douwe Sikke en syn soan Gabe sieten yn it ferset. Dy lêste, berne op 8 oktober 1925 yn Reduzum, hat dit ferhaal skreaun.

Dit barde op 2 maart 1945.

Wêrom wurd ik wekker? It is kleare nacht om my hinne. Dochs is der wat oars as de wênstige lûden. Hear ik stappen om ús hûs hinne en dimmene lûden? Ik wurd al mar mear wekker. It doocht net, dizze lûden binne ûngewoan. Is der ûnried? Dútsers? Sil ik der ôfgean en ris troch it finster kypje? Wol hoeden fansels, want as sy eat bewegen sjogge witte se ek dat ik hjir boppe op ’e souder bin.

Dan ynienen brekt de hel los! Der wurdt op ’e belle drukt, der wurdt skopt tsjin de foar- en efterdoar, der wurdt raasd om iepen te dwaan. “Aufmachen, schnell”, en wer wurdt der tsjin de doarren oan skopt. Om it hiele hûs hinne steane Dútsers, begryp ik. Dit sjocht der net sa bêst út. Hoeden gean ik fan it bêd ôf en sjoch troch in skreef fan it oergerdyntsje nei bûten. Ik sjoch in skym fan in man stean, mei eat ûnder syn earm. Ik hear dat heit nei de foardoar giet en iependocht. Ik hear lûde Dútske stimmen, de keamersdoar wurdt tichtklapt en it wurdt wat stiller. Ik rydboskje fan ’e kjeld sa’t ik op ’e knibbels foar de skreef fan it gerdyn lis en my net ferweech. Soene dy hûnen it hûs ek trochsykje? Dan fine se my fansels ek. Is de hiele boel ferret? Dat moat sa wêze, want wêrom soene se oars by ús in ynfal dwaan? Mar der bart fierder neat, se komme net nei boppen. Wol hear ik stimmen yn ’e wenkeamer, mar kin fansels neat ferstean.

Dan ynienen, nei inkele lange minuten, dreune der hurde Dútske kommando’s troch it hûs. Gestamp troch de gong … en dan … Is it wier? Ik sjoch it dochs wol goed yn it nachtlik tsjuster? Dêr rint heit mei oan wjerskanten en efter him in Dútser, pistoalen op him rjochte. Se rinne de dyk op, in ein fierder stiet wat donkers midden op ’e dyk. Dêr rinne se hinne en dan sjoch ik neat mear. Efkes letter hear ik it brommen fan in auto en rydt it hiele spul fuort.

Dit is net bêst … se hawwe heit finzen en meinommen. Oars hat dy Grüne Polizei út Grou nea in auto ta har tsjinst. En no wol! Dit betsjut dat de Sicherheidstsjinst yn Ljouwert der mei anneks is. Noch altyd doar ik my net te ferroeren. Binne se yndied allegearre fuort? Of soene se in pear fan har trawanten efterlitten hawwe? Mar wêrfoar soe soks nedich wêze? Wêrom hawwe se it hûs net trochsocht en wêrom ha se my net meinommen? Hiene se allinnich de opdracht heit mei te nimmen? As dat sa is dan is de hiele boel ferret! En myn omke yn Grou, soe dy ek ophelle wêze? En Piet Eisinga en Halbertsma?

It bliuwt stil yn ’e hûs en ek bûtendoar. Ik leau dat se allegearre ôfset binne. Ik gean nei myn bêd, pak de knypkat en ûnder de tekkens sjoch ik op myn horloazje dat it healwei twaen is. Ik moat nei ûnderen, ik wol witte hoe’t it mei mem is. Dy sil wol deabenaud wêze en op dit stuit de sitewaasje wol net baas wêze. Ik weagje it der op en gean nei ûnderen. De keamersdoar stiet iepen, de foardoar is ticht. Lyksa de efterdoar. Dan rin ik nei de sliepkeamer fan myn âlden.

“Mem, ik bin it. Haw gjin noed, se binne allegearre fuort.” “O jonge, wat is dit wat. Se hawwe heit meinommen. Ik haw altyd al sein dat it ienris ferkeard gean soe. En wat moatte we no? En wat dogge se mei heit?” Ik begryp dat ik ried skaffe moat yn dizze benaude sitewaasje. Yn it tsjuster klaai ik my oan en sis tsjin mem dat ik nei suster Van Kammen gean, de wykferpleechster. Ik helje har op, ik ha help nedich. Troch de eftertunen rin ik nei har hûs. In tikje op it rút fan har sliepkeammerke yn de hope dat se dêr wekker fan wurdt. Jitris en no wat hurder tikje ik op it rút. Dan hear ik in stim en nei’t ik sein haw wa’t ik bin, docht sy de doar iepen. Ik doch myn relaas en freegje har help. Daliks giet se mei nei ús hûs, wer troch de eftertunen.

De wykferpleechster rêdt har mei ús mem dy’t noch altyd oerstjoer is. Ik besykje nei te tinken. Alderearst moatte de wapens fuort dy’t yn it hok ferburgen lizze. Sadree it ljocht is mar op ’e fyts fuortbringe. Mar ik moat ek witte hoe’t it yn Wergea is! Soene se Pyt Sytema ek te pakken ha en dy ûnderdûker, Boy? Aansens earst mar nei Wergea.

Nei myn surrogaat-tee en in stikje fan dy kliemske bôle gean ik op ’en paad, oer Eagum en troch de Wergeaster Mar. Hoeden fyts ik it doarp yn en bin krekt oer de brêge as ik hear: “Pas op, fierderop binne Dútsers.” As de wjerljocht kear ik om, ik haw wol yn ’e rekken dat se by Pyt Sytema binne, de man dy’t ik fertelle soe dat heit fannacht ophelle is.

Sa hurd as ik kin fyts ik werom nei hûs. Fertel de wykferpleechster dat ek yn Wergea de boel oprôle is. Wat no te dwaan? De wapens! Dy moatte fuort. Us mem sil nei har broer yn Wurdum, it hûs wurdt leechhelle en by ûnderskate buorlju wurdt it meubilêr opslein. “En do moatst as de wjerljocht meitsje datst fuortkomst. Wa wit wat der ferteld wurdt by de ferhoaren troch de Dútsers en sy dyn oandiel yn it ferset te witten komme.”

Ik helje de beide revolvers en munysje út it berchplak, goai se yn ’e fytstas, sis mem dach en gean op ’en paad nei Wurdum. Dêr oankommen jou ik it spul ôf en fertel wat der by ús thús bard is en wat ik tink dat der yn Wergea geande wie. En yn Grou? Ik wit der noch neat fan, mar jo kinne fan tinken wol ha dat it ek dêr net gewoan ferrûn is.

De kommende nacht sliep ik yn Boazum. Dêr krij ik berjocht net wer yn Reduzum te kommen om’t de Dútsers der wer west hawwe en frege ha nei de soan. Se ha hûs, hok en tún trochsocht.

Hoe gong it fierder?

Douwe Sikke Bangma soe Reduzum noait wer sjen. Hy waard finzen set yn Ljouwert en letter yn Grins. Dêrnei gong er nei konsintraasjekamp Neuengamme, yn de buert fan Hamburg. Dêr waard er slim siik. Troch it Sweedske Reade Krús waard hy en in protte oaren mei in skip nei Sweden brocht. Dêr is er op 2 maaie 1945 yn ’e âldens fan 47 jier yn Trelleborg ferstoarn. Hy waard earst begroeven yn Sweden, mar letter kaam er op it Nederlânske earefjild yn Oslo – Noarwegen.

De skriuwer fan dit ferhaal, Gabe Bangma, stoar op 30 april 2000 yn Boazum. Hy wie doe 74 jier.

Reduzum, 4 maaie 2025

Koos Wieling