Idaerd….nea fan it toaniel

Toneelvereniging De Vriendenkring
Contactpersoon: Michel Postma
Friesmawei 33
9007 SE Idaerd
tel: 06-17421000


De bakker fan Spannum, Waling Dykstra, ferkocht net genôch broadsjes om rûn te kommen en socht nei in alternative wize fan brea op’e planken. Hy waard de grutte man fan de Fryske Folksskriuwerij, yn oparbeidzjen mei Tsjibbe Gearts van der Meulen , de postrinner en klokmakker fan Burgum.

Mei gearspraken , gedichten en koartswyl yn begryplike taal setten dizze mannen op it Hearrefean útein mei harren Winterjûnenocht. De minsken fermeitsje en tagelyk it praatfrysk stypje en boppedat levere it mear op dan de ferkeap fan in pear krintepofkes of it reparearjen fan in stikkene klok.

De teksten út harren Winterjûnenocht-program waarden op papier set, sadat oare belangstellenden dêr ek gebrûk fan meitsje koene. Net al te swier, betiden noflik moaralisearjend, neffens Dykstra: “wille as op de merke, earnst as yn de tsjerke”.

Yn 1842 wie de ‘Nederlandse Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken’ oprjochte, dy’t hjir yn Fryslân in tige waarm plakje fûn hie. Dizze feriening makke ek hiel sterk gebrûk fan it Frysk Toaniel mei propagandestikken en foardrachten. Mar dat barde ynearsten allegear yn twa kleuren, read en blau. En dat sinnige lang net eltsenien. Der moasten kroechbazen komme, dy’t romte hiene foar toaniel, der moasten stipers komme dy ‘t in bijdrage taskikten. Mei it allinne mar tsjin de hieren yn striken soe men de striid net winne en op it toaniel waard it al rillegau in stik hoedener: sels de kastleins seagen yn dat der in protte flecht op de toanielkoai wie, se iepenen graach harren doarren en stipen sa wol dy Blauwe beweging, mar benammen it toaniel. En dat hat tige ferstannich ( winstjouwend! ) west, want fjirtich jier letter waarden noch deselde stikken spile!

Stikjedwaanders dy’t it wat heger yn de holle hiene, neamden harsels in Rederikersferiening. In ‘proeve van bekwaamheid’ en dan benammen yn it Holllânsk, gie gauris oan it lidmaatskip foarôf.

As reaksje dêrop ûntstiene op in protte plakken húskeamerselsskippen, it Frysk wie de fiertaal en sjongen en koartswyl krige de oerhân. It waard dúdlik minder formeel, minder stiif en mei in eigen, ûntspannen sfear. En it wiene benammen jongereingroepen dy’t as freonekring bij inoar kamen.

En Idaerd rûn foarop.

Op oanstean fan master Koster krige Idaerd yn 1866 ek sa’n ‘Vriendenkring’ . Op fêste jûnen , mar ek op spontane mominten kamen de freonen yn ferskate formaasjes byinoar om meiinoar te sjongen, te spyljen, stikjes te dwaan. In fêst programke foar sa’n jûn wie der net en dat bepaalde faaks de ûntspannen wize fan it bijinoar wêzen en it iepen stean foar eltsenien. En moai matriaal wie der no ommers by de rûs. De teksten en lieten dy’t Waling Dykstra skreau, teksten fan de Halbertsma’s fan Grou, alles stie op papier en wie troch eltsenien oan te skaffen. En dêrút ûntstie it hjoeddeiske Idaerder toaniel. Yn in tige lytse mienskip, mar mei in hiele warbere club minsken en in prachtich toanieldoek ,

no al 160 jier lang. No ja, der wie wol ris in koarte perioade dat men wol bijinoar kaam, mar dat der gjin oanstjoering foar in stik wie.

Nei fiif jier sûnder útfiering gie Idaerd yn 1898 wer op paad mei in stik foar de kriich yn de Harmonie yn Ljouwert. De hynders foar de feekarren, de spilers, grimeurs, ynstekster, regisseur, rekwisiten en omballingen, de hiele rimram ek yn sa’n karre, in hiel o-heden, mar it smiet wol in twadde priis op en in sulveren medalje. En oansjen yn de regio!

En it iene doarp stuts it oare oan: as ‘susterferiening’ fan Idaerd wie men yn 1903 yn Reduzum ek wer begûn mei spyljen, wylst ek yn Friens spile waard, want de Frienzers woene mar ál te graach dat prachtige toanieldoek fan Idaerd fanôf dat jier in tal kearen liene. Mar dêrneist kamen Grousters spilers fan de Fryske Krite graach te sjen nei de stikken fan Idaerd: hoe kin it dat men dêr altyd sokke moaie stikken spilet, wat dogge wy ferkeard en wêrom winne sy de prizen? ( En dan te witten dat Jaap Engelsma noch berne wurde moast!).

It sil yn de oanrinfaze nei it toaniel fan hjoeddedei krekt wat behypliker west hawwe: gjin weidweidige dekôrs, mar dochs hat men sliepkeamers oanjûn, bars boud, romteskippen simboalisearre. Mei rekwisiten en in protte fantasije koe men yllúzjes en ferbylding skeppe. Wylst de spilers oer it algemien destiids sels soargen foar alle omballings, kinne we no net mear sûnder de ûnmisbere technisi, de fersterkers, de kabels, de kamera’s, mikrofoans, de ljochten, de muzyk.

Ut in krante-ynterview:” it giet ús net om de punten, as de seal mar plat leit!”

Idaerd…nea fan de kaart!

Henk.