Nijs fan de Sportstifting

6 september


Us eigen kabouter kriget in bliuwend plak yn de sportakkommodaasje

By de feestlike weriepening fan de fernijde en ferduorsume sportakkommodaasje stie net allinnich it gebou sintraal. Der wie ek omtinken foar in bysûndere frijwilliger dy’t al mear as fjirtich jier ûnmisber ferbûn is oan de akkommodaasje: Henk Korf.

Wa’t geregeld yn de sportkantine komt, wit dat in protte saken fanselssprekkend lykje. De doarren binne iepen, de ferwaarming wurket, it ljocht baarnt en as der wat stikken giet, is it faak al wer makke foardat immen der goed en wol erg yn hat. Mar efter dy fanselssprekkendheid sit jierrenlang frijwilligerswurk fan minsken dy’t har belangeleas ynsette foar de mienskip.
Henk is dêr miskien wol it moaiste foarbyld fan.
Tidens de iepening waard in ferhaal oanhelle dat Henk sels eartiids fertelde yn de Linepraat. Dêryn fergelike er in doarpsgenoat mei in kabouter. Net as grapke, mar as in grut komplimint. In kabouter sjochst net, hearst net en falt amper op. Mar ûnderwilens soarget er der wol foar dat alles op roltsjes rint. Dat byld paste ferrassend goed by Henk sels.
Al mear as fjirtich jier set er him yn foar it sportgebou en de ferieningen dy’t der gebrûk fan meitsje. Net op de foargrûn, mar krekt efter de skermen. Fan ûnderhâldswurk en technyske oplossingen oant it draaiende hâlden fan de kantine en it regeljen fan allerhanne praktyske saken dêr’t nimmen fan sjocht hoefolle tiid en enerzjy dêryn sit.

Krekt dêrom fûn Stichting Sportbelangen Reduzum dat dizze bysûndere ynset net ûngemurken foarby gean mocht. By de weriepening krige Henk in mear as fertsjinne earbetoan. As bliuwende oantins oan syn jierrenlange belutsenens waard syn namme ferbûn oan in it Terras en dermei in blieuwend plak yn de akkommodaasje.
Ut namme fan it bestjoer, de ferieningen en alle brûkers fan it gebou waard Henk betanke foar alles wat er de ôfrûne desennia foar de sport yn Reduzum betsjutten hat. Ek syn frou Riekje waard yn it sintsje set mei in moaie bosk blommen as tank foar har stipe troch de jierren hinne.
Mar sa’t wy Henk kenne, hat er ek hjir wer foarút tocht. Want kenmerkend foar syn wize fan wurkjen is dat er net allinnich saken goed regelt, mar ek soarget dat it wurk trochgean kin as er sels in stapke werom docht.
By de iepening waard net allinnich stilstien by de grutte fertsjinsten fan Henk, mar ek foarút sjoen nei de takomst. Wy binne dan ek tige bliid dat Sjouke van der Ley oanbean hat om de taken fan Henk oer te nimmen. Dêrmei soarget er derfoar dat de kennis, belutsenens en soarch foar ús sportakkommodaasje ek yn de kommende jierren beholden bliuwe.
It bestjoer en de ferieningen binne Sjouke tige tankber dat er dizze wichtige en ferantwurdlike taak op him nimme wol. Wy hawwe alle fertrouwen dat de akkommodaasje ek by him yn goede hannen wêze sil.
Wy winskje Sjouke in protte súkses, mar foaral ek in soad wille ta yn dizze rol. Want wa’t him ynset foar de sport en de mienskip fan Reduzum, krijt dêr in protte wurdearring, moaie kontakten en foldwaning foar werom.
Under in waarm applaus fan de oanwêzigen mocht Henk dêrnei de offisjele iepening fan de fernijde sportakkommodaasje ferrjochtsje mei it ûntbleatsjen fan it nammeboerd.
In moaier earbetoan oan immen dy’t altyd klear stiet foar in oar is hast net betinkber.

Tankewol Henk. Reduzum is grutsk op syn eigen kabouter.


Sportkantine Reduzum klear foar de takomst

De sportkantine yn Reduzum hat de ôfrûne jierren in grutte transformaasje ûndergien. Wat begûn as in plan om it enerzjyferbrûk werom te bringen, is útgroeid ta in breed ferduorsumingsprojekt dat derfoar soarget dat de akkommodaasje wer jierrenlang it sportive en sosjale hert fan it doarp wêze kin.

In sûne en takomstbestindige sportferiening giet oer mear as allinne sport. De sportfjilden en de kantine binne wichtige moetingsplakken foar jong en âld. Hjir wurde wedstriden spile, frijwilligers fûn, freonskippen sletten en aktiviteiten organisearre dy’t bydrage oan de leefberens fan ús doarp. Krekt dêrom fûn Stichting Sportbelangen Reduzum it wichtich om te ynvestearjen yn in akkommodaasje dy’t klear is foar de takomst.

De lêste jierren hawwe in protte frijwilligers hûnderten oeren stutsen yn de ferbouwing fan de mear as sechstich jier âlde sportkantine. Der waard ynvestearre yn in nij isolearre dak, in fernijde gevel, ekstra sinnepanielen, waarmtepompen en in folslein fernijde waarmwetterfoarsjenning. Dêrtroch is it gebou no hielendal fan it gas ôf. Ek de dûs- en waarmwetterynstallaasje is ferduorsume en nei de yn gebrûkname fierder optimalisearre, sadat brûkers rekkenje kinne op in noflike foarsjenning.

Troch dizze maatregels wurdt flink besparre op enerzjy en is de akkommodaasje ree foar de kommende jierren. It doel út it ferduorsumingsplan wie dúdlik: in enerzjyneutrale sportakkommodaasje realisearje dy’t ek foar takomstige generaasjes betelber en tagonklik bliuwt.

In projekt fan dizze omfang is allinne mooglik mei de stipe fan in soad partijen. Dêrom is Stichting Sportbelangen Reduzum in grutte tank skuldich oan ûnder oare de BOSA-regeling, it Iepen Mienskipsfûns, it Rabobank Coöperatiefûns, Stichting HVS Grou, Vermilion Energy en natuurlik ûs eigen Tsjerkefûns en Mûnestichting en oare belutsen fûnsen en subsidieferstrekkers dy’t in finansjele bydrage levere hawwe.

Ek ferskate regionale en pleatslike ûndernimmers hawwe in wichtige bydrage levere oan de útfiering fan de wurksumheden. Tegearre mei de ynset fan de protte frijwilligers út it doarp is in resultaat berikt dêr’t Reduzum grutsk op wêze mei.

De feestlike weriepening fan de renovearre kantine fynt plak tidens it merkekeatsen en doarpsfeest op 6 septimber om likernôch 12.30 oere. Besikers kinne dan weromsjen op de ferbouwing en kennismeitsje mei de duorsume ferbetteringen dy’t realisearre binne.

De weriepening is boppedat in moai momint om op ‘e nij te ûntdekken wat Reduzum allegear te bieden hat op sportyf en sosjaal mêd. Dêrom kinne jo jo by ferskate ferieningen opjaan foar fergeze proeflessen. Op dy wize kinne ynwenners op in leechdrompelige manier kunde meitsje mei aktiviteiten lykas tennis, korfbal, keatsen, gymnastyk, bridge en jeu de boules.

Want in sterke sportferiening is folle mear as in plak om te sporten. It is in sintrum fan ûntmoeting, ferbining en mienskipssin. Op en om de sportfjilden komme minsken byinoar, wurde nije kontakten lein en wurdt de leefberens fan it doarp fersterke. De kantine is dêrby in wichtige gearkomstelokaasje foar ferieningen, frijwilligers en ynwenners.

Mei de ferduorsuming fan de sportkantine is dêrom net allinne ynvestearre yn stiennen en technyk, mar foaral yn de takomst fan de mienskip fan Reduzum. In takomst wêryn sport, moeting en mienskip sintraal steane.

Kom op 6 septimber del en ûntdek op ‘e nij wêrom’t de sportakkommodaasje ien fan de wichtichste moetingsplakken fan ús doarp is.

Augustus 2026


Reduzum sil enerzjyneutraal sporte!
Maart 2026

Yn de lêste edysje fan Linepraat hat Henk al in stikje skreaun dat der wat barre sil op ús sportkompleks. De ôfrûne jierren hat it enerzjyferbrûk en ferduorsuming flink yn de belangstelling stien. En terjochte fansels, nei de ynvaazje fan Ruslân yn Oekraïne en no mei de oarloch yn Iran fleagen en fleane de enerzjyprizen de panne út. Ek stiet it klimaat tsjintwurdich noch stevich op de aginda. Beide saken ha by de sportstichting de eagen iepene om it gebrûk fan enerzjy nei ûnderen te krijen. De oansletten ferienings sitte net te wachtsjen op noch hegere lêsten.

Yn 2023 hat it deistich bestjoer fan de sportstichting opdracht jûn oan in kommisje om te sjen nei enerzjybesparjende maatregels. Yn gearwurking mei Sportstroom, in organisaasje dy’t sportferienings stipet yn it ferduorsumjen fan sportkompleksen, is der in plan opsteld wêrby’t we mei hjoeddeistige middels effisjint mei ús eigen opwekke enerzjy omgean. Dêrby is sjoen nei:

  • Technyske mooglikheden foar duorsum en effisjint gebrûk fan eigen enerzjy
  • Subsydzjemooglikheden
  • Lokale partijen foar de oanlis

De lêste ferbouwing wie yn 2004, dus in opwurdearring waard ek wol wer ris tiid. Wat sil der dit jier allegearre barre:

  • Ferfanging fan it dak fan de kantine mei sandwich isolaasjepanielen
  • Op de noardwand wurdt de beklaaiïng ferfongen troch sandwich isolaasjepanielen
  • De sinnepanielen wurde ferfongen troch nije panielen mei in hegere opbringst
  • De ferwaarming fan it gebou (no gas) wurdt ferfongen troch in aircosysteem
  • It waarm wetter foar it dûsen (no gas) wurdt troch slimme waarmtepompboilers ferfongen
  • De meterkast wurdt hielendal fernijd sadat alles wer oan de hjoeddeistige easken foldocht
  • Ferskate lytse oanpassingen sa as ledferljochting dêr’t it no noch net sit, in keukenboiler, elektryske itensiedersplaat en sa fierder
  • Elektryske ferwaarming yn de klaaiboksen tsjin de kjeld
  • Ferfanging ljocht tennisbaan foar in ledferljochting, al is dit ûnderdiel noch yn ûndersyk
  • Foar de laadpeallen moat der in aparte ferdieler, in SAP, yn de groepekast komme

We tinke dat de sportkantine mei de opbringsten van de sinnepanielen enerzjyneutraal draaie kin. It seizoen fan april oan en mei oktober lient him der ek poerbêst foar! Om it ien en oar te bekostigjen hat de sportstichting neist it potsje fan de enerzjyaksje DB út 2023 in tal lanlike, provinsjale en lokale subsydzjekanalen oanboarre en ha we de earste tasizzingen fan fûnsen as BOSA, de Mienskipsfûnsen fan sawol de provinsje en gemeente, it Tsjerkefûns en it Rabo Koöperaasjefûns. In goede 90 % fan it jild dat nedich is, is tasein. Mei de noch iepensteande oanfragen fertrouwe we derop dat it klearkomt en dat we los kinne.

Op it stuit binne de earste wurksumheden al yn opdracht jûn. Jan en Martijn binne drok dwaande de technyske romte klear te meitsjen foar alle nije apparatuer. We tinke dat we de waarmwetterfoarsjenning foar de start fan it fjildseizoen, mei kuorbal, keatsen en tennis, klear ha. Begjin april wurdt it dak troch SjdB ferfongen en komme de nije sinnepanielen ek oan bar. De oare saken sille fierder yn it jier oan bod komme

Oant safier de stân fan saken,

Harke, Germ, Bart, Willem, Dick en Wiebe