Op’e kofje
Juni 2024
Redúster sjauffeurs nei D-day
Begjin juny hat Pieter Terpstra mei 2 fan syn soannen nei de betinking fan D-day yn Normandië west. In hiele ûndernimming mei âlde legerauto’s op transport. Doe’t se wer thús wiene ha we it der noch even oer hân, hoe’t se dêr hinne reizge binne en wat se dêr sa al meimakke ha.
Hoe is it ‘idee’ ûntstien om nei Normandië ta te gean?:
Pieter: ‘5 jier lyn ha’k ek west; doe mei in kollega fan transportbedriuw Van der Werff, dy’t altyd al gie. Hy hat in legerauto en sit yn Ljouwert by ‘Keep them rolling’, in clubke mei mannen dy’t âlde legerauto’s ha en ûnderhâlde. Theo van der Werff, de baas fan Van der Werff Logistics, soe 5 jier lyn mei in kollega fan de saak, mar dy heakke ôf en sa bin ik meigien. Doe binne we, mei in oare kollega en 2 auto’s op ‘e bonnefoai nei Normandië riden, mar: alle campings wiene fol en sa belânen we op’t lêst by in, fan oarsprong, Fryske boer en boerinne op ‘e camping by harren op it hiem. Doe ha we noch mei de boerinne nei it strân west.’
Mei hoefolle minsken en auto’s wiene jim der no hinne?:
‘We wiene no mei 3 frachtauto’s, laden mei 8 ‘legerauto’s’: 4 jeeps, 1 Dodge, 2 GMC’s en in Daimond. Dizze auto’s binne allegear yn de oarloch brûkt. Theo hat ek in âlde legerauto, in GMC. De dielnimmers moatte wol foar it ferfier nei Normandië betelje. Theo, Jitse, ús soan, dy’t ek by Van der Werff logistics sjauffeur is, en ik wiene de sjauffeurs nei Frankryk. Theo syn âldste soan wie mei en ek 3 froulju fan de mannen fan de ‘Keep them rolling’-club. En der wie noch in kollega fan ús, in âld Redúster, René van het Meer; hy wenne destiids foar ús oer op ‘e Buorren. Hy kaam mei de gewoane auto en woe it grêf fan syn âldomke opsykje. Dy omke focht oan de Dútske kant; hiel bysûnder. We hawwe it grêf fûn. De leden fan ‘Keep them rolling’ betellen it ferbliuw op de camping en soargen foar it iten; wy wosken neitiid ôf.
We stiene op in camping oan it strân by Vierville-sur-Mer, mei útsicht op see, flakby Omaha Beach, dêr’t de offisjele betinking op 6 juny wie.’



En de dei sels?:
‘6 juny, D-day, wie de betinking op it strân, mei legerauto’s. It hiele ‘landingsstrân’ is wol sa’n 100 kilometer lang. We hawwe yn dy dagen meardere kearen op it strân west. Op 6 juny wiene we der moarns al om kertier oer seizen, oant middeis trije oere. Doe wie de offisjele betinking. Dêrfoar wie op it strân in poadium boud, dêr’t de betinking wie mei regearingslieders en presidinten fan oer de hiele wrâld. Dêr mochten wy net by wêze. Alles wie hjir en op de camping befeilige en waard goed yn ‘e gaten holden.’
Wat ha jim dêr noch mear dien en meikrigen?:
‘Der wie ûnder oare in optocht fan legerauto’s. Der wiene kreamkes mei legerûnderdielen: klean, helmen, learzen, twaddehâns, út it bûtelân.
De hiele wike fleagen der Spitfires en Dakota’s oer.
Op 6 juny waard der ek landingsreau út see wei helle. Op in nacht wie der fjoerwurk yn ‘e loft.
Der wiene eveneminten, festivals, konserten, parasjutedroppings, eksposysjes, neam mar op, op meardere dagen en lokaasjes.
Der wiene minsken fan ferskillende nasjonaliteiten en auto’s út ferskate Europeeske lannen. Dy moasten gauris tanke, want legerauto’s sûpe as keallen!’



Hoe lang ha jim yn Normandië west?:
‘Tongersdeitemoarn, 30 maaie, ha we moarns de legerauto’s op de frachtauto’s laden en middeis binne we ôfset. It is sa’n 800 kilometer riden; yn 2 dagen binne we der yn konfoai hinneriden. Yn Noard-Frankryk, krekt oer de grins, ha we yn de frachtauto’s sliept en de oare deis nei de camping by Vierville-sur-Mer ta riden.
De weromreis ha we ek yn 2 dagen dien: snein, 9 juny, de legerauto’s wer opladen. Eins meie frachtauto’s sneins net ride, mar we hawwe it der op weage. Earst soene we om 10 oere fuort, doe 8, 6, mar it waard 4 oere. We ha oernachtte by de Belgyske grins. Us Jitse duorre dit allegear te lang; dy is yn ien kear trochriden nei hûs ta.
Sneintenacht, by de oernachting, die in ûnderdiel fan Theo syn frachtauto it net. Hiel tafallich wie dêr in Bulgaar, dy’t it ûnderdiel by him hie en de auto ‘reparearre’ hat, sadat wy op moandei, 10 juny, wer thúskomme koene.’


Ha jim ek noch op begraafplakken west?:
‘Ja, op ferskillende. Ek op de grutste: Colleville. Dat is wol hiel yndrukwekkend.’
Wat fûnen jim jonges, Johannes en Jitze, derfan; hoe ha sy dit belibbe?:
‘Us Jitse woe wol mei om it (fracht)autoriden.
Us Johannes wit der wol mear fan en woe dêrom wol mei, om dit ris te belibjen.
Ik wit it wol yn grutte lijnen en Theo ek. De leden fan de ‘Keep them rolling’-club ha elkoar hjirtroch fûn. It is de binende faktor foar harren klub.’
Jantsje Kalsbeek
Februarie 2023
Jouke van der Werff op kantoar

Fan ’t hjerst foel it ynienen op: it boerd op de âlde suvelfabryk oan de Ayttawei mei de tekst: ‘Friesch Transport museum’. In nije bestimming foar in âld, markant gebou?
Yn 1890 is suvelfabryk ‘De Eendracht’ boud en is der, oant 1965 ta, hiel wat molke fan boeren út de omkriten ferwurke. Yn it boek ‘FerLinepraat’ kinne we lêze oer de skiednis fan dy tiid en oer de destiids nije bestimming, Transportbedriuw van der Werff.
Na sluiting fungeerde het pand nog tot 1965 als opslagplaats van kaas voor de Frico. Vervolgens heeft winkelbedrijf de Spar het gebruikt voor opslag van groente en fruit, tot het in maart 1972 werd overgenomen door Van der Werff uit Wijtgaard. Aanvankelijk als opslagruimte, later, in 1977 werd het gehele transportbedrijf overgeplaatst naar Reduzum. Nu rijden de wagens van ‘Van der Werff’ uit Reduzum over geheel Europa, soms weer geladen met Friese zuivel. Ook in de opslagruimte liggen regelmatig partijen zuivelproducten opgeslagen.’
En no hat Jouke van der Werff der hiele moaie âlde frachtauto’s ‘parkeard.’
Op kantoar by Jouke nimme we de mear as 100 jier fan it transportbedriuw troch, sa’t it him yn 4 generaasjes, ûntwikkele hat fan Wytgaard fia Reduzum nei It Hearrenfean.
Wêr en wannear is de famylje van der Werff mei transport begûn?
Jouke: ‘Us pake Jouke, berne yn 1874 as boeresoan yn Dearsum, is yn 1916 yn Wytgaard begûn. Hy hie yn syn jeugd al aardichheid oan it ferkear fan Ljouwert nei Snits, dat er troch Dearsum riden seach en woe gjin boer wurde. Hy hat earst yn Frjentsjer en letter yn Snits besocht, om mei handel en transport fan foeraazje te begjinnen, mar koe it net fan ‘e grûn krije. Doe is er mei syn húshâlding nei in broer yn Dútslân ta gien, mar doe’t de Earste Wrâldoarloch útbruts binne se hals oer kop werom kommen yn Fryslân en yn Wytgaard bedarre. Dêr hat er molkritten fan de suvelfabryk yn Wurdum oernommen. Hy helle, mei hynder en wein, by 8 boeren mei 136 kij, op de Weiwiske en de Lapedyk ûnder Wytgaard, de molkbussen op.
Yn 1924 hat hy de earste frachtauto oanskaft, in T-Ford en hat him mei in advertinsje yn de Ljouwerter Krante oanbean foar oare ferfiertsjinsten. Sa waarden der ek foeraazje, strie, jirpels en biten ferfierd.
Yn 1939 nimt de 2e generaasje it bedriuw oer: soannen Theo en Sjoerd. Sy wurkje al wat jierren mei en it tal frachtweinen is útwreide nei 3. Mar doe kaam de Twadde Wrâldoarloch en waarden frachtauto’s troch de Dútsers foardere, û.o. in nije Chevrolet. Heit Jouke woe dizze auto net kwyt en gie as sjauffeur mei rjochting it suden. De Dútsers lieten de oprjochter fan it transportbedriuw twa wiken lang foar harren útride, oan ’t pake Jouke it yn Antwerpen opjout en werom reizget nei Fryslân. De Chevrolet ha se nea wer sjoen. In oare auto wurdt demontearre en yn ûnderdielen yn de grûn bedobbe. Ut in 3e auto wurdt de motor helle en brûkt as wein achter in hynder.
Nei de oarloch komt it frachtferfier stadich wer op gong, earst mei twaddehânsk Amerikaanske en Kanadeeske leger trucks, lykas Ford en Chevrolet dump trucks en in Dodge leger truck. Us heit Theo is allinnich mei it bedriuw fierder gien. Omke Sjoerd is foar himsels begûn en letter nei Australië emigrearre.
Neist it ferfier fan suvel en foeraazje, wie der ek hieltyd mear fraach nei ferhuzingen. Minsken fan it Fryske plattelân giene earne oars yn it lân oan it wurk by grutte bedriuwen. Hjirfoar waard in Ford ferhúsauto oanskaft. Yn de 50-er jierren naam ús heit in meiwurker yn tsjinst.’
Wêrom binne jim nei Reduzum ferhuze?
‘It bedriuw groeide, mar ferbouwingen en útwreiding fan de loads en it bedriuwsterrein achter de loads yn Wytgaard, bea net genôch romte.
Yn 1972 binne ús heit en mem hjir yn Reduzum kaam te wenjen. De suvelfabryk tsjinne foar opslach en der kaam in wurkpleats. Yn Wytgaard hiene we 2000m² en hjir yn Reduzum 8000m². De gemeente gong akkoard mei de nije plannen foar de suvelfabryk; it wie moai, dat it markante gebou wer in bestimming krige. Ek is de dyk, de Ayttawei, rjochting Rykswei 32 oanpast: breder makke en beammen kapt.
Yn ’79 binne Gjetsje en ik, mei Theo fan 4 en Geartsje fan 2 jier hjir hinne ferhuze en is letter ús Marije berne. Yn 1984 waarden der plannen oppere foar in ferbreding fan de Rykswei 32, wêrby’t de oansluting fanôf Reduzum en Idaerd komme soe te ferfallen. Wy soene dan mei de frachtauto’s troch Reduzum ride moatte. Dit hat hiel wat oerlizzen en petearen mei doarpsbelang, gemeente en Rykswettersteat koste. . .’
Hoe en wannear bisto sels by it bedriuw belutsen rekke?
‘Ik ha fan jongs ôf oan belangstelling foar ferkear en frachtauto’s hân. Se rieden by ús thús, yn Wytgaard, altyd foar de ruten lâns. Earder wie de Overijsselsestraatweg de ferbining tusken Ljouwert en It Hearrenfean en fierder. Ik ha noait oer wat oars prakkesearre. Fan myn 18e oant myn 22e ha ik op ‘e frachtauto riden. We hiene destiids 10 – 12 auto’s en ús heit siet op kantoar. Op myn 22e hat ús heit dit oan my oerdroegen. Alle saken, dy’t der regele wurde moasten giene doe mei de telefoan, hjoed de dei mei de kompjûter.
Yn Reduzum ha we earst in wurkpleats opsetten; der is in stik fan de fabryk ôfbrutsen, lykas it tsiispakhûs oan de achterkant. Bûten wie der mear romte foar frachtauto’s as yn Wytgaard. It bedriuw is yn de rin fan de jierren hieltyd grutter wurden en yn 1999 binne we nei It Hearrenfean ferhuze. De namme is doe ek feroare fan Van der Werff Transport yn Van der Werff Logistics.
Hokker automerken hawwe jim sa al yn bedriuw?
‘De earste wie in T-Ford en nei de oarloch in Dodge leger truck, dêr’t no ek in eksimplaar fan yn it museum stiet: in Amerikaanske auto, mei it stjoer oan de rjochterkant. Dêrnei in reade DAF, in Nederlânsk automerk en Chevrolet, GMC, Scania, Volvo, Mercedes, Deutz. Yn de 60-er jierren wiene it reade auto’s, letter binne we oergien op blau en 2 kleuren metallic.’
Wat wurdt der hjoed de dei sa al ferfierd?
‘In soad agraryske produkten, mar gjin ‘levensmiddelen’, stukgoed, blik, conserven op pallets, bou materialen, lykas hout, dakpannen, isolaasjemateriaal, bou stiel, doarren (van Vuuren), rubber. En hiel inkeld noch in ferhuzing. Yntiid is it bedriuwsterrein yn It Hearrenfean ek al wer útwreide en binne der oare bedriuwen by oernaam. De lokaasje yn Elshout is ferhuze nei Waalwyk. Yntusken stiet de 4e generaasje oan it roer: soan Theo en Arjen Tulner foarmje de direksje.’
Jouke is noch sydlings by it bedriuw belutsen; ek al is it bot feroare en grutter wurden, mei mear as 300 wurknimmers, de belangstelling bliuwt. De nei druk leit op frachtferfier yn Nederlân en oare Europeeske lannen en stêden. Yn It Hearrenfean is de opslach en wurde de trailers fan de frachtauto’s laden. Alles giet hjoed de dei digitaal. Yn 1974 waard de tachograaf oan board fan de frachtauto’s ynfierd, dy’t de ryd- en rêsttiden fêstlizze. Dizze binne no ferplichte en wurde digitaal, fia de kompjûter op kantoar ôflêzen.

De Dodge is ien fan al de oldtimers dy’t troch Jouke van der Werff restaurearre is. De lêste Dodge hat yn 1956 it bedriuw ferlitten. Jouke: ‘Ik weet nog heel goed dat de laatste Dodge werd verkocht aan de autosloperij van Harm Poot uit Menaldum (zijn echte naam was Harm Terpstra maar dat wist ik toen nog niet). Het beeld van Harm die met de Dodge wegreed vergeet ik nooit meer. Ik heb hem nagekeken tot het einde van het dorp en hoorde duidelijk dat Harm lang niet zo zorgvuldig met de Dodge omging als heit. De Dodge was de eerste auto in mijn herinnering die zoveel indruk op mij had gemaakt en nu verliet hij het bedrijf. De liefde voor de Dodge is nooit meer overgegaan.’It is Jouke letter slagge om in Dodge út 1942 op ‘e kop te tikjen en te restaurearjen. Karrossery bedriuw ‘De Haan’ út Hallum makket der oan de hân fan âlde tekeningen laadbakken foar, krekt sa’t se der earder mei rieden.‘Heerlijk om er even in te rijden; dan staat de tijd even stil; zoals hij rammelt en ruikt. Het geluid is weer hetzelfde als vroeger’. Ut: ‘Wy dogge it gewoan. Al hûndert jier’,it jubileumboek oer 100 jier Van der Werff Transport/Logistics |
Hoe ûntstie it idee foar in transport-museum?
‘Ik ha myn hiele libben yn de transport sitten en dit is der fan oerbleaun. Ik ha dizze frachtauto’s bewarre en se binne restaurearre. Ik bin ein 80-er jierren al mei begûn mei it sammeljen fan âlde frachtauto’s. It is myn hobby en in stikje nostalgy.
It museum is iepene op 1 oktober. Doe hie ik in reüny organisearre foar ferfier minsken en âld ferfierders. De 100 (âld)-kollega’s dy’t hjir dy sneons west ha, fûnen it prachtich om elkoar yn it sjauffeurs kafee yn it museum te treffen. Dat dogge we fêst wêr ris!
Fierder is it museum allinnich op ôfspraak te besjen. Takom simmer binne we fan doel om in ‘iepen wykein’ te hâlden, sadat belangstellenden de moaie âlde frachtauto’s besjen kinne.’
Wy ha mei Jouke van der Werff in slach troch it museum, de loads oan de achterkant, makke en ús eagen útsjoen. Sa’n ferskaat oan âlde frachtauto’s, strak yn ‘e lak, mei de bedriuw logo’s en de orizjinele kentekenplaten der op!
Ype Dijkstra en Jantsje Kalsbeek
December 2022
Op ’e kofje by: kuorbaltalint Marije Visser

Begjin oktober is Marije Visser mei it Talent TeamNL U21 Europeesk Kampioen wurden yn it Katalaanske Terrassa. Wy wiene nei oanlieding fan dit berjocht yn ‘e krante wol benijd nei wat hjir oan foarôf gien is en hoe ’t Marije dit allegear belibbe hat.
Wat is it Talent TeamNL en hoe bisto dêrfoar selekteare?
Marije: ‘Alle jierren wurde der nije spilers foar dit team selekteare. De kuorbalklups troch it hiele lân kinne hjir spilers, kuorballers dy’t faak yn it earste team fan de klup spylje, foar opjaan. Ferline jier al wiene Jesper Tolsma en ik troch Mid-Fryslân oanmeld. We moasten alle woansdeis nei Papendal foar trainingen en trije kear op sneon foar seleksje trainingen. Nei eltse seleksje training krigen je te hearren oft je de wike dêrop wer komme mochten. Sa binne der nei dizze trije rondes tsien ‘hearen’ en tsien ‘dames’ selektearre út hiel Nederlân. Jesper is nei de 3e ronde ôffallen, mar ik siet foarearst wol by de seleksje fan it Talent TeamNL U21 (ûnder de 21 jier). Dit team, mei ek in pear Friezen fan kuorbalklup LDODK fan de Gerdyk, hat alle woansdeis op Papendal traind foar it EK
yn Kataloanië. Mar it bleau spannend, wa ’t úteinlik mei mochten nei it EK, want op in ‘eintoernoai yn Den Haag waarden op ‘t lêst sân hearen en sân dames selektearre, dy’t mei mochten nei Kataloanië en dêr wie ik by!
Wannear en hoe lang wiene jim yn Kataloanië?
‘We binne der op woansdei, 28 septimber, hinne flein en sieten mei de hiele ploech fan spilers en begelieders/coaches yn itselde hotel. Tongersdei, freed en sneon wiene de wedstriden en snein, 2 oktober, binne we wer nei hûs ta flein. Alles wie prima regele. Spilers fan oare lannen ferbleaunen yn oare hotels yn de omjouwing en oerdei waarden we mei buskes nei de sportakkomodaasje brocht. Der diene 6 Europeeske lannen mei en sawol op tongersdei as freed moasten we
twa wedstriden, de foarrondes, spylje. It wie fan te foaren wol sa’n bytsje bekend, wa’t it yn de finale tsjin elkoar opnimme soene.
Nederlân is wol it bêste lân yn it kuorbaljen en wy hiene yn de foarrondes ek de grutste skoares. Sawol wy as de Belgen hawwe alle foarrondes wûn en moasten it sneons, op de finale dei tsjin elkoar opnimme. Mar ek al binne je op foarhân de ‘bêsten’, je moatte dat yn sa’n finalewedstriid wol sjen litte; je wolle net ôfgean. Dat jout fansels spanning. In oare spanning wie: wa fan it team dogge mei yn de finale? We wiene mei 7 hearen en 7 dames en dan is it nei elke wedstriid wer
sjen: ‘wa passe goed by elkoar yn it spul en hokker 4 fan elk binne goed foar de finale?’
Ik mocht meidwaan mei de finalewedstriid, dy’t we mei 18-17 wûn ha fan België!
It wie in hiele útdaging en in ervaring op himsels, om hjir oan mei te dwaan! Ik ha net faak sa’n spanning meimakke. Mar ik moat sizze, nei it fluitsinjaal oan it begjin fan de wedstriid, wie de spanning wol fuort en koe ik my fokusje op de wedstriid.’
Al mei al hat Marije sa’n oardel jier mei it Talent TeamNL oan it trainen en yn ‘t spier west. Wat moai, dat je it dan sa súksesfol ôfslute meie!
Yn desimber giet se noch 3 woansdeis nei Papendal om te trainen foar de ‘Challenge’, it eintoernoai yn Rotterdam.
Wannear bist begûn mei kuorbal en wat fynst der sa moai oan?
‘Doe’t ik in jier as 5-6 wie, bin ik by Stânfries begûn by de Kangeroes, de jongste spilers. Us heit en mem wiene beide ek kuorballers en ik gong yn ‘e bernewein al mei nei de sporthal yn Grou foar wedstriden fan Stânfries. Ik wie fuort entûsjast en ha noait twifele oft it myn sport wol wie. It wie in goeie keus en ik ha net oan oare sporten dien. It is in mingde sport, mei jonges en famkes, hearen en dames; it is in dynamysk spul en der sit tempo yn; it is krekt myn sport! Yn de rin fan de jierren ha ik yn de C1, B1 en A1 meidien, altyd yn de earste ploegen. No sit ik yn it earste fan Mid-Fryslân. De fjild wedstriden binne yn Reduzum; de seal wedstriden (thús) yn de sporthal yn Grou. Wy traine as team twa kear yn ‘e wike oardel oere: op tiisdei yn Grou en op tongersdei yn de sporthal fan it Friesland College yn Ljouwert. Sneon 26 novimber hiene we de 1e wedstriid fan it seal seizoen, dat trochrint oant april; yn ‘e krystfakânsje ha we 2 wiken ‘frij’. Us wedstriden binne op sneon of op snein, ôfhinklik fan de tsjinpartij. Elk jier wurdt der opnij sjoen hokker hearen en dames der yn de seleksje spylje. Binnen de seleksje wurdt der noch wer sjoen wa’t yn it earste en wa’t yn it twadde team meispylje.’
Wa is dyn grutte foarbyld yn it kuorbaljen?
‘Ik ha net echt ien foarbyld, mar sjoch wol op tsjin de ‘grutte dames’ fan TeamNL, fan 21 jier en âlder. Myn ambysje is dan ek, om my te pleatsen foar dit TeamNL.’
Krije jim neist de trainingen ek ‘begelieding’?
Ik tink dêrby oan: hoe hâlde je jins lichem fit, tips oer iten en drinken en trainingen neist de kuorbal training foar bgl. spier fersterking.
Marije: ‘By ús hâldt dat yn, dat in fersoarchster testkes ôfnimt en oan de hân dêrfan in fitness-skema opstelt. Dit is foar elkenien wer oars. Dat hinget û.o. mei ôf fan je lichemsbou. Yn it winter-/sealkuorbal seizoen gean ik 1x yn ‘e wike nei Fit Concept yn Grou en wurdt dêr begelaat troch eigner Dirjan Bouma; sels ek kuorballer.’
Dochst ek in oplieding yn de sport?
‘Ik sit op de PABO. De ôfrûne 2 jier mei koroana rûn it stúdzje skema wol wat oars as oars en slagge it net altyd, om it lesprogramma te folgjen. Ik ha in jier ekstra naam om dingen en stúdzje projekten ôf te meitsjen. Ik ha myn eigen planning dêryn makke en woansdeis ‘frij’ pland. Nei takom jier septimber moat ik noch in jier foar it ôfstudearjen. Ik ha al staazjerûn yn Reduzum, mar troch koroana waard dat mar in healjier yn stee fan in jier. Yn Ljouwert ha ’k staazjerûn op in skoalle foar spesjaal ûnderwiis en no stean ik yn Grou, op de Twa Fisken, foar groep 5 en 6. It staazjerinnen op al dy ferskillende skoallen en groepen bern fyn ik hiel leuk!
Neist myn eigen kuorbaljen, train en coach ik in jongeren team fan Mid-Fryslân, 12- en 13-jierrigen. Op moandei- en tongersdeitejûn jou ik training en sneons is de kuorbal dei: dan coach ik dit team mei de wedstriden.
Om’t ik yn it Talent TeamNL U21 sit, kin ik in saneamde ‘sport status’ op myn oplieding oanfreegje.’
Hast noch tiid foar oare hobby’s?
‘Hjir yn Reduzum ha se my by de oprjochting fan de nije gymnastykferiening frege oft ik lesjaan woe; ik joech tidens myn staazje op de Trije Doarpen Skoalle altyd op freed gymnastyk oan alle groepen en ik ha op de PABO al de oplieding foar gymnastike lessen folge. Op tongersdeitemiddei jou ik mei Lieke berne gymnastyk: fan 3 oant 4 oere de ‘âldere’ groep: bern fan 6 oant 12 jier
en dêrnei trije kertier peuter- en kleutergym foar bern fan 2 oant 6 jier. Der komme hieltyd mear bern by; by de jongsten binne no al 15 bern!
Wy binne dan ek hiel bliid mei de ûndersteuning fan Maartje Schuurmans en Sjaak Kalverboer.
Gymnastyk is sa goed foar it lichem, it selsfertrouwen, omgean mei leeftyd genoaten en ris op jins beurt wachtsje moatte.’
Jantsje Kalsbeek
December 2022
Op ’e kofje by: Simon en Klaske Okkinga

Boer wêze en buorkje is yn de rin fan de jierren bot feroare. Doe’t Dirk in moai ferhaal tsjinkaam fan Baukje Wytsma oer it ûngetiidzjen by de famylje Okkinga yn de 50-er jierren fan de foarige iuw, binne we nei Simon en Klaske Okkinga ta stapt, om it hjir ris mei harren oer te hawwen. We begjinne by it begjin:
Wêr binne jim berne en opgroeid?
Simon: ‘Ik bin berne op ’e ‘âld’ pleats, dêr’t ús pake en beppe yn 1905 kommen binne, op nûmer 18 fan de Overijsselsestraatweg.
Ik holp altyd mei op de buorkerij; as jonkje siet ik al op ’e weidesleep, dy’t achter de trekker de stront oer it lân ferspriede moast. Myn susters holpen ‘achter’ net mei; dat wie manljuswurk! Myn freonen wennen yn it doarp en kamen graach by ús op ’e pleats te boartsjen; dêr wie alle romte, bûtendoar en yn ’t hea. As jonkje fan 6-7 jier bin ik hast ferdronken op it stalt, it plak dêr’t eartiids de molkbussen skjinmakke waarden. Ik waard troch in freontsje al boartsjendewei fan it stalt ôftreaun yn ’e feart. Gelokkich, dat ús mem it yn ’e gaten hie, oars hie ik hjir no net sitten.
It stalt
Wat my goed bybleaun is, is de stoarm fan 13 novimber ’72: ik wie op ’e heasouder en seach it dak fan de pleats bewegen. Ik wist net hoe hurd ik fan de souder ôfkomme moast. Ek de sniewinter fan ’79 stiet my noch goed by.’
Klaske: ‘Ik bin berne en opgroeid op in pleats yn Warten, oan de trochgeande dyk fan Wergea nei Warten. Wy hiene sa’n 40-50 kij en ik holp altyd mei it melken; ek bûtendoar en as it reinde siet ik op ’e tuolle en dat ha ik doe’t wy troud wiene ek noch wol dien. De bern sieten derby yn de mjokskroade.
Dêrneist wie ik oan it kealleboarnen. By ús yn Warten rûnen de keallen oan de oare kant de dyk en moast ik mei twa folle bussen mei molke de dyk oer en in planke oer de sleat nei de keallen ta. Ik wit noch dat we thús in melkmasine krigen; de mannen fan Alfa Laval (Wijnsma Mechanisatie) hawwe my leard om dermei te wurkjen en ik moast it myn broers mar leare …’
Simon fertelt noch, dat syn susters, lykas hy, wol melken leard ha en dat, as se dit goed diene en mei it skom op ’e amer yn ’e hûs kamen, in horloazje krigen!
Hoe bist boer wurden?
Simon: ‘Ik ha yn Reduzum de legere skoalle dien en bin dêrnei nei de ULO oan de Gedempte Keizersgracht, by de Blokhuis-poort, gien. Ik wie net sa’n learder en gong nei skoaltiid nei in húswurkynstitút, dêr’t stringe masters my by de les besochten te hâlden; oars seach ik alle fûgeltsjes fleanen. Soms waard ik dêr foar skoaltiid noch oer- heard. Nei ien jier bin ik hjirmei stoppe en nei de Legere Lânbouskoalle yn Reduzum gien. Dizze wie yn myn tiid yn It Lokaal by de tsjerke. Dêrnei nei de Middelbere Lânbou-skoalle yn Ljouwert, dy’t doe noch by de Koepeltsjerke stie. Dêr ha ik in prachttiid hân! Tusken de middei gongen we nei de binnenstêd en sieten mei elkoar yn it kafeetsje fan Vierstra achter de Waag op ’e Nijstêd, dêr’t ek de fammen fan de húshâldskoalle kamen. Dêr waarden ek de ôfspraken foar de fuiven mei-elkoar makke.
Ik bin doe yn it skoalklupbestjoer keazen (en foarsitter wurden) en ha mei oare lânbouskoalklups rûnom hinne west. Ik wit noch dat ik yn Grins in speech holden ha, dêr’t ek saneamde ‘hoogwaardigheids-bekleders’ yn ’e seal sieten. We ha der doe foar pleite, om de kloof tusken Grinzers en Friezen wat lytser te meitsjen; in taak foar jonge boeren!
Letter ha ’k noch lânboukursussen folge en yn in protte bestjoeren sitten, mar miste doe dochs wol myn oplieding dêryn.’
Hoe ha jim elkoar kennen leard?
Simon holp kollega’s by feekeuringen, bgl. mei it ferfier fan de kij en bollen nei en fan de keuringen. Sa moasten de kij (oan ’e bine)
fan boer Goos Koiter fan Wergea, werom nei Narderbuorren by Wergea brocht wurde. Klaske wie dêr ek om mei te helpen. Doe’t alles ynladen wie, moasten Simon en Klaske mei nei Narderbuorren, mar der wie gjin plak mear yn de Ford Customline van Koiter. Doe mar tegearre yn ’e ‘kofferbak’. En sa is it begûn!
Simon: ‘Wy ha sels ek keuringen op eigen lân hân. De Bangmastrjitte wie doe noch net beboud; it wie ús lân. Oan it begjin fan de strjitte wiene dan wol keuringen. Wy ha ris mei in bolle, Roorda Tsjerk Hiddes, nei in kampioenskip west. Sa’n bolle moast dan op en top fersoarge en foardroegen wurde. Dat jûch sa’n spanning, dat ik wer begûn bin te roken. De bolle is net kampioen wurden. . .
Wy (heit en Simon) ha earder ek in striehandel hân yn de loads op ’e Haven. Strie en hea waard yn boaten laden foar it ferfier van fee.’
De hea- en strieloads yn oanbou oan ’e haven (no Langeberg)
Tegearre fierder:
Simon: ‘Yn novimber ’63 binne we troud en op ’e pleats kaam, earst mei twa arbeiders, letter noch mar ien.’
Klaske: ‘We hiene ek in keppel skiep, maksimaal 110 Texelaars; ek op de ‘nije’ pleats ha we earst noch skiep hân. Ik molk earst sa’n 20 skiep op ’e âld pleats en letter sân 10 Fryske skiep yn ’e nije stal en makke skieppetsiis. We hiene klanten rûnom wei en de fierste klant siet yn LA (Los Angeles). Fia, fia wie der kontakt mei in freon, dy’t piloat wie en dy’t de skieppetsiis kuolle ferfierde nei de oare kant fan de wrâld. Dêr soargen de stewardessen derfoar dat it yn de goeie hannen kaam. Soks moast ûnderhânsk dien wurde, want skieppetsiis (en fleis) mocht net ynfierd wurde yn Amearika.
Op in stuit krigen we kontrôle op ’e tsiis; de molke moast tenei pasteurisearre wurde!
Mar doe wie it de ‘âlde’ tsiis net mear; de smaak wie oars. Ik makke dêrnei twa tsizen fan pasteurisearre molke, foar de eventuele kontrôle en de rest gewoan, sa’t ik it altyd dien hie.
Doe’t ús dochter Fokje oan it hynsteriden rekke, moast ik gauris mei har nei dressuer-wedstriden rûnom yn de provinsje. Foar’t we fuortgiene, molk ik de skiep en as we jûns wer thús wiene, makke ik der tsiis fan.’
Wêrom en wannear binne jim nei de nije pleats ferhuze?
‘We wiene in kear mei de bern op fakânsje yn Súd-Frankryk en fûnen it dêr prachtich. Yn deselde tiid stie der yn it Lânboublêd in pleats yn dy kontreien te keap, mei alles derop en deroan. Doe ha we wol even oerwage, om nei it bûtenlân te gean, mar Klaske woe net út Fryslân wei!
Op it âlde stee wie gjin romte foar fernijing en in lisboks; ek rûnen we dêr mei it lân fêst: 1/3 fan it lân lei by de pleats, 2/3 oer de dyk. Yn 1982 wiene de plannen foar de ruilferkaveling, dêr’t we mei ynstimd hiene, klear. De Nijlânsdyk wie doe noch in bolstienreed. De bolstiennen lizze no hjir op it hiem en it garaazjepaad. Der wie betocht, dat we dan wol healwei de Swette bouwe koene, mar dat like ús net handich.
Nei oerlis binne we útkaam op it plak, dêr’t we boud ha. Yn ’83 binne we ferhuze nei dit nije stee, mei it lân om hûs en hear. Hjirfoar ha we yn it kader fan de ruilferkaveling lân ruile mei doedestiids Geart Hofstra en Jan Bouma, ús buorlju.’
Ha jim der gjin muoite mei hân om de âld pleats te ferlitten?
‘Oan de iene kant wol, mar we krigen der in moai nij plak foar werom, mei it lân deromhinne. De âld pleats wie earder fan de famylje Schaap, dy’t yn 1905 nei Dearsum gie en doe binne ús pake en beppe der kommen. Wol in stikje skiednis.’
Wannear binne jim fan de pleats gien?
‘Wy hiene twa arbeiderswenningen oan ’e ein fan de Haedstrjitte, mar yn dy tiid gjin arbeiders mear oant wurk. Soan Anne en Aukje wennen yn ien fan dy huzen (dêr’t no André en Gerda Zijlstra wenje). Harren soan Simon is dêr berne en doe’t Anneke op komst wie, yn ’92, ha we ruile fan hûs: Anne en Aukje op ’e pleats en wy op ‘e Haedstrjitte. Yn ’94 binne we hjir op it Suderom kaam te wenjen.’
De iisbaan
‘Doe’t begjin 90-er jierren de plannen makke waarden foar Reduzum-Súd moast ek foar de iisbaan in oar plak socht wurde. Wy ha doe ús lân oan de strjitwei oanbean, dat de iisklup yn ’e winter fergees brûke kin. Wy binne wol in hurdridersfamylje en hawwe as Okkinga’s 94 jier yn it iisklupbestjoer sitten. Ik ha sels 3x de Alvestêdetocht riden, wêrfan ien útriden yn 1997. Myn pake hie 5 krúskes, ús heit 6 en myn âldste suster hat him ien kear útriden. Yn 1997 ha ik de Alvestêdetocht ek noch fytst en rûn, wêrtroch ik it sertifikaat krige ha.’
Giene jim op fakânsje?
‘Altyd! De arbeider rêde him mei de buorkerij en yn it begjin holp ús heit ek noch wol mei. Doe’t de bern lyts wiene, ha we in kear op in pream te farren west; alle romte: Anne yn it loophek en Fokje yn de reiswein oan board.’
De moaiste reis?
‘Se wiene allegear moai! Sa ha we yn Ekwador en op de Galapagos eilannen west: wat in natoer! Yn Kroäsië: eilân hoppe, ferskate cruises; de earste wie nei Alaska.
Mei Simmer 2000 binne de cruises (Fryske Reuny Cruise) mei ‘bekende Friezen’ ûntstien, sa as Gryt Wiersma, Anneke Douma en Piter Wilkens. In stel út Amearika hat dêrta it inisjatyf naam: mei emigranten op reis en âlde ferhalen diele dy’t se belibbe ha. We hawwe der noch altyd kontakten troch.’
Hobbys?
Simon: ‘Ik ha 44 jier jage, mar ha myn gewear ynlevere. Mei ús ploechje fan in man as alve ha we ek geweldige dagen belibbe. Ien kear yn it jier gong it oan: moarns earst kofjedrinke by ien fan de jagers thús, in Jägermeister drinke, snert ite mei brea mei soerkoalspek en dan der op út te jeien.
As we 35 hazzen sketten hiene, wie it: stop! En dan op nei hûs en mei elkoar oan in bakje kofje mei in broadsje en in slokje! Neist hazzen skeaten we ek wol einen en ast in snip rekkest, dan hiest in boarrel ekstra fertsjinne. Foksen ha we net sketten, al ha we se hjir wol hân.
Dêrneist mochten we beide graach reedride en ha we tennisse, ek kompetysje. Dit gong meast ek om de gesellichheid. En ek noch follyballe yn it doarp.’
Klaske bridget yn ’e winter alle tiisdeitemiddeis yn Reduzum. Simon hat dat ek trije jier dien, mar as it dan maitiids moai waar wie, woe er ‘hup, op ’e fyts!’
‘We ha in protte fytst en mei de boat fuort west. Dêrneist mei ik graach itensiede: op ‘e pleats op sneon en snein, dêrnei hieltyd faker.’
Simon hat ek noch op de skoalbus riden, oant syn pakesizzers út Friens fan skoalle gongen.
Sûnens?
‘Dat koe better. Ik bin in stik lichter wurden en nim no spesjale foeding yn de foarm fan drankjes. We ha in protte stipe fan de húsdokter.
We ha in prachtich leven hân, mar ek wol ‘downs’.
Ik bin no mei it rinnen gau achter de pûst; fytse, lytsere ôfstannen, slagget noch wol.
It besef, dat der gjin Okkinga mear buorket en aanst faaks net mear op ’e pleats wennet, is wolris dreech.’
Tiden hawwe tiden . . .( Simon Okkinga is in wike nei útkommen fan dit ynterview ferstoarn.)
Dirk Vermeulen en Jantsje Kalsbeek
November 2022
Op’e kofje by âld turnster Griet van Essen
Wa wit noch fan de turnprestaasjes en súksessen fan ús doarpsgenoate Griet van Essen, sûnt goed 50 jier Griet de Boer-van Essen? Nei wat gesneup yn âlde kranten en mei it nijs fan hjoed-de-dei oer de turnwrâld, wiene wy wol nijsgjirrich nei de ferhalen en avontueren fan Griet en wat it har yn har jeugd brocht hat. Griet hat fan alles fan dy tiid byholden, plakboeken fol! en nei in koarte skets fan dy jierren, rinne we de tiid mei ús trijen opnij troch.
Griet waard yn 1938 yn it Grouster Leechlân berne en yn 1940 ferhuze de famylje Van Essen nei in pleats by Marsum. In sportive famylje; heit, broer Germ en Griet wiene û.o. goed yn reedriden, mar ek yn oare sporten. Op oanrieden gong Griet op 5-jierrige leeftyd op gymnastyk yn Marsum, dêr’t se op har 10e troch de liedster trochstjoerd waard nei de renommearre turnferiening Quick yn Huzum/Ljouwert. Fan har 10e oant har 25e hat Griet hjir turne, wêrfan 10 jier yn de top fan Nederlân. Om meidwaan te kinnen, moasten je goed wêze op fjouwer tastellen: balke, brêge ûngelikense lizzers, paardsprong en frije oefening. Balke wie Griet har favoryt mei de brêge ûngelyk.
Ek lei it reedriden har wol en wie se kampioen wurden op ‘e koarte baan yn Menameradiel; dochs hat se de kar foar it turnjen makke. Griet: ‘Ik ha folle letter, yn 1986, ien kear de Alvestêdetocht riden, mar koe pas om 8.30 oere starte; dat wie eins te let en ik bin yn Bartlehiem ôfstapt. Us heit (en broer Germ) ha him meardere kearen riden en fan ús heit ha ik ien fan syn krúskes krigen.’
Hoe faak en wêr trainden jim?
Griet: ‘By Quick trainden we trije kear yn ‘e wike twa oeren yn it gymnastyklokaal fan de Ryks HBS oan it Saailân. Earst gong ik op ‘e fyts, 7 kilometer hinne en werom en letter op in âlde brommer. Dêrneist gongen we om de snein nei Papendal by Arnhem foar de keurkorpstraining. It motto wie: ‘een goede geest is het belangrijkste voor prestaties.’
Ik bin mei 14 jier fan skoalle gien en holp, neist it trainen en wedstriden foar it turnjen, thús op ‘e pleats mei it melken en yn ’t hea. Ek wie der thús romte om te trainen. Us heit sette yn de skuorre de balke klear en hast alle dagen wie ik dêrop oan ’t oefenjen en bûtendoar hiene we ringen en in rekstôk en wiene der mooglikheden om sels te trainen en troch te ûntwikkeljen. “It kaam my net samar ‘oanwaaien’!

Us heit en mem ha my altyd stipe en gongen mei nei wedstriden.”
Wat hat it dy brocht?
“It wurdt in stik fan je libben. Ik ha der
selsfertrouwen troch krigen en leard om troch te setten: de iene hat mear talint as de oare. Je moatte mei wille traine en ik ha in protte oan de trainers te tankjen. Wy krigen yn ús tiid gjin terapy of diëten foarskreaun. Ek wie der gjin geseur en hiene we gjin lêst fan yntimidaasje, lykas je hjoed-de-dei hearre.
It wiene ‘hurde’ trainers, mar ik ha noait op ‘e kop krigen, bin net útfitere en/of slein. Ik ha troch it turnjen yn hiel Europa west en neist de wedstriden hiene we yn ’t bûtenlân ek tiid foar ‘reiskes’ yn de omjouwing, bygelyks yn Eastenryk, Roemenië, Poalen, Dútslân, Frankryk.

En ik ha der in soad kontakten oan oerholden, bin faak frege om hantekeningen en der binne in kear op telefyzje opnamen makke by ús op ‘e pleats.”
Wat wiene de grutste súksessen?
‘Ik bin ien kear 2e wurden mei de Nederlânske kampioenskippen en fjouwer kear 3e. Mar ek fiif kear Frysk kampioen.’
Der wiene yn dy tiid mear favoriten, lykas Janny Vierstra en Alie van Essen-Zondervan (Griet har skoansuster). Sa wie Griet yn 1961 Frysk kampioene, Janny yn ’62 en yn ’63 waarden se beide wer as ‘swier favoryt’ oanmurken.
Op har earelist stiet, dat se 5 kear Frysk kampioen wurden is, 7 kear de noardlike titel (fan Fryslân, Grins en Drinte) ferovere hat, 26 kear meidien hat oan ynternasjonale wedstriden en yn ’66 oan it wrâldkampioenskip yn Dortmund.

Foar de Olympyske Spilen yn 1960 yn Rome pleatsten Griet en Alie harren krekt net.
Oare hichtepunten?
‘Neist wedstriden en kampioenskippen wiene der ek ‘demonstraasjes’, dêr’t ik wol 77 kear oan meidien ha; dat wie altyd relaxter as de wedstriden. Moaie oantinkens ha ik ek oan de gymnastradas yn Wenen, Bazel en Stuttgart, mar ek oan in sportgala yn Rotterdam mei û.o. Anton Geesink, in kofjetafel mei prinses Margriet en in diner mei keunstrydster Sjoukje Dijkstra.’
Huldiging!
Yn jannewaris 1965 waard Griet yn Marsum yn ’t sintsje set: hiel it doarp hie de flagge út en mei in landauer waard se mei heit en mem en har trainers, ûnder begelieding fan it muzykkorps, troch Marsum riden en op in folle boppeseal fan kafee ‘De Trije Hoefizers’ huldige foar har turnprestaasjes!

Ek wolris blessueres oprûn?
‘Ien kear, yn 1966, gong it hielendal mis by de wedstriden om de noardlike kampioenskippen. Mei it ‘ynturnjen’ op de brêge bruts de hege lizzer finaal ôf en foel ik rjocht nei ûnderen ta, mei de holle op ‘e matte, mei as gefolch skea oan myn tosken (ien ferspile) en in stikken midden-fouttsbonkje en seis wiken yn it gips.’
Ein fan de turnkarriêre en ferfolch?
Nei 10 jier keur turnjen en 26 ynterlân like wedstriden (in rekôr!) hat Griet yn 1967 it dochs wol drege beslút naam om mei it top-turnjen te stopjen. Se waard hjirby ûnderskieden troch de KNGV (Koninklijke Nederlandse Gymnastiek Vereniging) mei it ‘lidmaatschap van verdienste’ en de wurden: ‘Jij hebt de top bereikt door enorme wilskracht en geestelijke instelling. We hebben bewondering voor jouw doorzettingsvermogen en zijn trots op jouw!’
Yntiid wie Griet begûn mei in kursus foar gymliedstjer. ‘Nei’t ik dit diploma helle ha, haw ik by Quick lesjûn oan jonge turnsters, wêrûnder Maartje Schuurmans, dy’t ik hjir yn Reduzum wer tsjinkaam.’
Hoe en wannear Daam tsjinkaam?
‘Ik paste wol gauris op ‘e bern fan (broer) Germ en Alie, dy’t hjir al yn Reduzum wennen en sa kaam ik Daam yn it doarp tsjin. Yn 1971 binne we troud en woe ik wol meihelpe op ‘e buorkerij. Yn 1973 is ús Wilco berne en yn ’76 Sjoerd. Sy hawwe op gymnastyk sitten, mar wiene gjin opfolgers fan Griet. Mar ús pake- en beppesizzer Trynke, dochter fan Sjoerd en Nynke, sit op turnjen yn Dronryp.’
Soe sy de genen fan beppe trochkrigen ha?
‘Ik mei graach nei turnjen sjen; dat fyn ik noch altyd prachtich!’ Hiel aardich is it ek, om de ferhalen te lêzen en de foto’s yn de albums te besjen. Sa posityf en sportyf! Wat kin Griet weromsjen op in moaie turnkarriêre.
Dirk Vermeulen en Jantsje Kalsbeek
Oktober 2022
Johan Bergsma: Boer – Frijwilliger
Op in tongersdei te jûn, krekt nei de Merke ride Joke en ik nei Friens, op wei nei Johan Bergsma. Dit slagge spitich genôch net earder foar it themanûmer fan de Linepraat oer de merke. Je witte wol hoe at it giet, fakânsje, drokte, gêrs wat fan it lân ôf moat; nim mar op. Lokkich ha we no tiid fûn foar it pertear oer mei namme Johan syn jierrenlange ynset as merkekommisje lid. Mar al gau hearre we dat dit net it iennichste frijwillige putsje is fan Johan.
Johan: Boer – Frijwilliger
Johan wennet op de pleats en tegearre mei broer Jos en sûnt maaie ek Jurjen, soan fan Jos en Anke, binne se de maatschap Bergsma. Johan hat altyd op de pleats wenne. “Nei dat ek Heit stoarn is ha we it der eins net iens oer hân. Dat gong automatisch sa en ik woe hjir eins ek net wei”. Neist it boer wêzen makket Johan ek tiid foar oare saken. Hij is ûnder oare merkekommisje lid, spilet toaniel, sit yn Doarpsbelang Friens, sit yn bestjoer en is gastgesin foar skoallebêrn fan de Amersfoortse Berg en organisearret elts jier Frienspop.
Frienspop, dat begûn yn 1996 as in einexamenfeest. De skuorre liende him hjir prachtich foar. Yn de rin fan de jierren is der in bar kaam, binne podiumdielen oanskaft en mear. It is in jierliks werom kommend privé feest wurden, wêr’t Johan mei syn kunde in protte wille oan belibbet.
Doarpsbelang Friens, dêr is Johan noch net sa hiele lang bestjoerslid fan. Johan is hjir hiel dúdlik oer; “Friens is sa lyts hjir moat eins elts wol in kear yn it bestjoer. At ik no nee sein hie dan hiene se oer in pear jier wol wer oankloppe”.
Toanielspylje dat is miskien wol ien fan syn grutste passy. Fanôf 1996 stiet hij elts jier op de planken yn it Doarpshûs yn Friens. Ferskeidene regisseurs meimakke, yn in protte karakters kropen. Johan fertelt dat hij syn rol yn it stik “It siet yn de loft” it moaiste fûn. “Myn maat hie in relaasje mei 3 stewardessen dy’t fansels neat fan inoar ôf wisten. Ja en dan witte je wol hoe at dit fjirder ferrint” Foar oankommend toanielseizoen leit it boekje al klear. Dizze binne noch fan foarrich jier doe’t mei Covid-19 alles ôfblaasd is. Johan kin aanst sa wer los!
Landbouwwerkweek van de Amersfoortse Berg. Alle treddeklassers van Havo/VWO gean 4 dagen útfanhûs bij in gastgesin yn Fryslân. Se leare it boerebedriuw op dizze manier better kennen, mar ek hoe’t is op it plattelân. Johan wie in pear wike ferlyn op dizze skoalle om te fertellen oer dizze dagen. “Froeger koene je dan noch wol grapkes meitsje en fertelle dat wij bijgelyks gjin mobiels ha. Se witte no al folle mear krekt troch dy mobiels” seit Johan. Yn de hjerstfakânsje komme dizze bern wer nei Fryslan. Oan de ein fan de dagen binne se kapot, mar ek litte sommigen harren fan in hiele oare kant sjen. “Soks is moai, dêr dogge je it ek foar”
De Merke. Johan wit it net seker mear mar hij tinkt dat hij fanôf 2003 yn de merkekommisje sit. “Alles is moai oan de merke toch! Elk jier feroaret der wol wer wat, de tiden feroarje ek. De útdaging sit der yn in jûn hielendal slagje te litten”. Johan jout ek oan dat it altyd mar ôfwachtsjen is at in aktiviteit slagget as net. “Wat it iene jier in grut súkses is kin it jier derop wol hielendal neat wêze. Is it de activiteit, binne it de minsken dy’t net mear wolle, ha se der gjin tiid mear foar. Wist do it?”
Johan regelt al in pear jier de bands op de boppeseal en op freeds bûten. “It leafst gean ik dr in kear hinne om te hearren en te sjen. Ik gean ek wolris nei hun oefenromte at se gjin optredens ha. Dit is wol gesellich, It kostet wol tiid mar sa bin je eins ek efkes op stap no”. Mar ek hjir yn feroarje de tiden. Bookingsbureau’s stjoere no linkjes nei You-Tube wêr’t je de bands sjen en heare kinne. Spitich fynt Johan, it is dochs oars sa. Mar net allinne de bands regelje. Sa op de Merke komt der fan alles op je paad. “Hoe langer at je der yn sitte, dan komt soks fansels. Je groeie hjir ek yn” jout Johan oan.
“De merke is yn de rin fan de jierren feroare. Foarhinne wie it wat makliker allegear. Fyts ‘m der yn en kûpke stekke, aktiviteiten fan wat jierren lyn. Mei in pear minsken de kop der foar om it yn inoar te setten. Mar der waard ek wol spul oernaam fan oare doarpen. Der binne allinne no hyltyd meer regels fanút de gemeente. Je sitte mei keurmerken en oansprakelikens. Fansels is dit in goeie saak, it makket allinne ek dat we hjir net sa gau mear foar kieze. Op de bern mei eins net besúnige wurde. Dat gong dit jier in bytsje mis. Dat kin net wer, dêr sille we de oare kear better om tinke”.
Oar jier is it Johan syn lêste merke as kommisjelid. “Ik ha se foar de merke efkes ferrast troch dit te melden. Nei myn siik wêzen merk ik dat ik it wat rêsticher oan dwaan moat. It is net mear sa as froeger. Ik doch it no allergear wol mar it is soms net altyd goed foar my. Froeger koene je net stikken mar dat is no over en uit. Ik bin yn 1x sa’n 10 jier âlder wurden”
Johan jout oan dat se by de merkekommisje sitte te springen om minsken. “Leafst fan ferskillende leeftiden, dêr krij je ek fariaasje fan. Jongeren ha faaks hiele oare ideeën”.
Neist dizze oprop om foaral yn de merkekommisje te stappen hopet Johan ek dat minsken komme op de evaluaasje jûn. ‘We heare graach wat goed gong mar ek de ferbetterpunten. Ideeën oer thema’s en oars. Alles is wolkom. Kom!
Johan hoopt jim dus te treffen yn de kroech tidens de evaluaasje jûn. De kofje mar miskien ek wol in kâld bierke stiet foar jim klear.
Joke en Janet
September 2022
Swin-Swette verbinding 25 jaar!
Het is alweer 25 jaar geleden dat Reduzum Súd en de Swin-Swette verbinding werden gerealiseerd. Dat is niet allemaal zonder slag of stoot gegaan binnen de armlastige gemeente Boarnsterhim.
Na de gemeentelijke herindeling kreeg doarpsbelang eind jaren 80 te maken met problematiek binnen het dorp. Het dorp verkeerde in een slechte staat en het aantal inwoners liep terug. Jongeren en starters trokken weg uit Reduzum. De gemeente Boarnsterhim had geen geld om het dorp op te knappen en ook de woningbouwvereniging wilde niet in Reduzum investeren. Na de nodige discussies werd het idee geopperd te gaan bouwen op de ijsbaan. Dit plan leefde ook het meest onder de inwoners van Reduzum. Ondertussen wilde het in de besluitvorming niet vlotten om het plan gerealiseerd te krijgen.
Reduzum-Súd
Eind 1993 namen drie inwoners van Reduzum, Geert Couperus, Rein Fluitman en Jan Galama (in eerste instantie was Jan Wiersma er ook bij betrokken, maar moest om gezondheidsredenen afhaken) het initiatief tot de oprichting van Reduzum Súd B.V. met als doel een uitbreidingsplan in het dorp te realiseren.

Er waren de nodige bedenkingen: volgens deskundigen van de gemeente was dit niet mogelijk en de politiek vond het ook een riskante onderneming. De initiatiefnemers waren desondanks van mening dat het realistisch was.
Na het doorrekenen van het plan stelden de initiatiefnemers voor, dat na het realiseren van het plan 75% van het resultaat gebruikt zou worden voor voorzieningen in en om het uitbreidingsplan en in Reduzum. Met de IJsclub werd overleg gevoerd over een vervangende plek bij de D.S. Bangmastrjitte en werd de grond gekocht van de Nederlands Hervormde Kerk.
Begin 1994 werd de eerste paal geslagen en werden er 27 woningen gerealiseerd. Eind 1994 was het uitbreidingsplan voor het grootste gedeelte ingevuld.
Verbinding Swin Swette
Ondertussen kwamen ook de gesprekken op gang over de toekomst en de mogelijke realisatie van de verbinding Swin-Swette. Ook werd gekeken naar de mogelijkheid om een jachthaven te realiseren. Er werden uiteindelijk de nodige subsidies gevonden.
Het plan omvatte een verbinding en uitdieping van de vaarroute vanaf Reduzum Súd naar de Wite Brêge, het verhogen van een aantal landbouwbruggen en het verhogen van de Wite Brêge naar 1,85m. Vanuit het ministerie, de provincie en de gemeente (subsidieverleners) werd aangegeven dat de werkzaamheden door het dorp zelf moesten worden uitgevoerd, wat inhield dat de gehele verantwoording van het werk en de risico’s die daaraan waren verbonden moesten worden gedragen door Reduzum Súd BV.
Er werd besloten in de zomer van 1996 een dochter BV op te richten genaamd Swin Swette BV. De directie hiervan werd gevoerd door Jan Galama en Geert Couperus en het doel van deze BV was de voltooiing van de vaarverbinding Swin-Swette en het verhogen van de Wite Brêge. Zij hebben de opdracht gegeven aan Oranjewoud om de werkzaamheden te coördineren.
In de het najaar van 1996 en het voorjaar van 1997 werden de werkzaamheden aan Reduzum Súd, de Wite Brêge, de verbinding Swin-Swette, de haven en de drie landbouwbruggen voltooid.


Bij de jachthaven aan het parkeerterrein kwam een paal met vlaggenmasten te staan. Op de paal is een plaquette aangebracht met de datum van de voltooiing van de aanleg van de Swin-Swette verbinding.

De vaarverbinding is een verbinding geworden tussen het kleiweidegebied en de Friese meren en vanuit de meren een snellere verbinding naar Leeuwarden.
We hebben de afgelopen jaren gezien dat er veel gebruik van wordt gemaakt, vooral door sloepen en andere kleine boten. De BV maakte uiteindelijk 2 ton winst en hiermee werden een nieuwe ijsbaan en een verbouwing van de basisschool gerealiseerd en werd er geld gestoken in het windmolenproject.
Door het in eigen beheer opzetten van de woonwijk Reduzum Súd, door de vier aanjagers van de plannen Geert Couperus, Rein Fluitman, Jan Galama en Jan Wiersma (in de aanloopperiode) geflankeerd door doarpsbelang, heeft Reduzum al jaren in Nederland een voorbeeldfunctie gehad voor burgerinitiatieven en dat is iets waar we als Reduzum trots op mogen zijn.
Dirk Vermeulen.