Tsjerke Idaerd 250 jier

Dat is sa as je it jiertal op de earste stien leauwe moatte, dy’t 4 july 1774 oan jout.
Mar út âlde berjochten docht bliken dat de measte doarpen yn de eardere gemeente Idaerderadiel al yn de tolfde ieu in fan tufstien oplutsen tsjerkegebou hiene. Tufstien is in lichte, poreuze stien dy’t maklik te bewurkjen is, mar nei ferrin fan tiid spiele wól de sachte parten fan it materiaal der út. De grutte stiennen waarden al yn de groeve fan it Eiffelgebergte yn Dútslân op maat út de fulkanyske grûn houd en alle transport gie fansels oer it wetter. Der binne hiel wat rûge tufstiennen de Idaerder Feart del gongen. Noch foar en ek tidens de bou waarden dan de rûge stiennen noch bewurke ta ridlik flakke stiennen.
Yn 1774 waard yn de Ljouwerter Krante in ferkeap fan tufstien oankundige, ôfkomstich fan de ôfbrutsen tsjerke fan Idaerd, mei oare wurden: der hat al folle earder in tsjerke west yn Edawerd of Etwerd, sa’t it yn âlde tiden hjitte. Mar dit earste tsjerkegebou hat nei alle gedachten hiele lytse ôfmjittings kend en is wierskynlik net mear west as in soarte fan kapel sûnder in dêroan boude toer. Yn de westgevel fan de toer sit in stik natoerstien mei in opskrift yn Gotyske letters, de tekst fertelt dat de toer boud is yn 1541. De toer sels is oplutsen fan reade bakstien yn Gotyske foarmen. De trochgong fan it tsjerkeportaal nei it ûnderste part fan de toer is ôfdutsen mei in spitsbôge, mei in profyl op de skeane kant. It ûnderste part fan de toer waard foar in diel oerdekt troch restanten fan in krúsgewelf sûnder graden. Om dêr dochs wat ljocht hinne te lûken siet der yn de westgevel in Gotysk foarme ljochtiepening, dy’t letter dochs mar wer tichtmitsele is. Der sil grif in protte kjeld troch kommen wêze. De gevels fan de toer binne nei boppen ta fierder allinne trochbrutsen troch in twatal galmgatten, dy’t by de bou lytser wiene as dat hja no binne. De topgevels, dy’t it sealtek ôfslute, binne fersierd mei in trijetal nissen, wêrfan de bûtenste beide troch in koerbôge en de middelste troch in spitsbôge ôfsletten binne. Yn de toer hingje twa klokken. De lytste, mei in middelline fan sa’n 75 sentimeter is hiel wis tige âld, men tinkt begjin 13e ieu en hat gjin râneskrift. Dat hat de grutte klok mei in diameter fan goed 90 sentimeter wol : “ Juriën Balthazar het mij Ghegooten, 1658”. Op it midden stiet it wapen fan de famylje Roorda mei as byskrift : “ Carel van Roorda, Grietman van Idaarderadeel” .Yn de jierren 1773-1774 hat men dizze âlde tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in nije, boud fan lytse readbrune Fryske trijeling.

Boppe de iennige tagong is yn de noardgevel in betinkingsstien oanbrocht, fersierd mei in Lodewijk XV-ornamint. Boppe de cartouche in wapenskild, mei dêrop de simboalen út it wapen fan de famylje Van Scheltinga. Op de cartouche it opskrift: “ Summa rerum Religio ( Godsdienst is het hoogste goed ). Cornelis Arent Scheltinga, oud 4 jaar, legde de 4e juli van het jaar 1774 de eerste steen tot de bouw dezer kerk “.

De brânskildere ruten binne in haadstik apart. It ljocht yn de tsjerke komt troch de seis iepeningen, wêryn iken ramen oanbrocht binne mei rúten fan 19 by 24 sentimeter. De ruten binne troch ‘glesker’ ( glazenmaker) Ype Staak út Snits mei brânskildere ornaminten fersierd. Yn dy tiid hie de famylje Staak al mear as hûndert jier ûnderfining !

Yn de súdgevel fan it raam dat it tichtst by de toer sit, stean twa wapenskilden mei in kroan. It manlike part is belein mei figueren út de famylje Van Scheltinga, it froulike skild mei simboalen út it slachte Haersma. It opskrift op de cartouche : “Weledelgeboren Heer Cornelis van Scheltinga, Grietman van Ydaarderadeel, Dijkgraaf van de Leppedijk alsmede Aurelia Aletta van Haersma, zijn Huisvrouw. Anno 1774. Ype Staak Fecit.

It raam yn de noardgevel, dêr tsjinoer, lit in trijetal wapenskilden sjen. It boppeste hat oan de iene kant in heale adelaar, oan de oare kant in húsmerk en de tekst : “ Nicolaus Houwink, Dienaar des Goddelijken Woorts te Ydaard/Aegum en Friens in het jaar 1774”.

It manlike skild dêrûnder is yn fjouwer parten ferdield : in heale adelaar, in heak mei in sjitlead, in skaaf mei in beitel en op it fjirde part stean twa iepen passers mei de punten nei inoar ta. It froulike skild is ek dield : de rjochter helte lit de Fryske heale adelaar sjen en op de linkerkant stean trije klaverblêden. It ûnderskrift : “Claes Douwes, Schoolmr., Ontvanger en DorpsRechter in Idaerd en Grijttie Gerrits zijn huisvrouw 1774 “.

De oare glêzen binne, krekt as yn in hiele protte oare tsjerken, skonken troch ferskillende groepen fan hege amtners út de provinsje Fryslân. It middelste yn de noardgevel draacht oan de iene kant it wapen fan Fryslân en dêrneist twa liuwen mei skild en dêrûnder de tekst “ De Edele Mogende Heeren Rekenmeesters van Friesland. Anno 1774”.

Op it tredde raam oan deselde kant it wapen fan Fryslân mei kroan en dêrûnder it swurd en de weechskaal, as simboal fan it rjocht mei it opskrift : “ De Edele Mogende Heeren Raden ’s Hof van Friesland. Anno 1774”.

Op de súdgevel yn it midden it wapen fan Fryslân mei kroan en dêromhinne in findeltrofee en twa lizzende liuwen : “De Edele Mogende Heeren van ’t Mindergetal van Friesland 1774. Ype Staak Fecit. It lêste raam hat in soartgelike fersiering en as tekst : “De Edele Mogende Heeren Gedeputeerde Staten van Friesland. 1774. Y.S.Fecit. “

Mar alle ramen binne yn de rin fan de jierren troch waar en wyn beynfloede en net op kundige wize hersteld. Dat bart pas yn de jierren fyftich fan de foarrige ieu.

Ut de âld Ljouwerters fan 1948 en 1952 :

“ De Idaarder kerkglazen, het werk van Ype Staak wordt gerestaureerd.

In verschillende kerken in Friesland bevinden zich gebrandschilderde ramen van de Sneker ‘glesker’ Ype Staak. Daartoe behoort ook het kerkje van Idaard, dat in 1774 gebouwd werd en bij die gelegenheid zeven glazen geschonken kreeg. De historische waarde is niet gering, doch het feit dat ze in plaats van in lood, in hout zijn gevat, maakt, dat de verbindingsdelen niet onvatbaar zijn gebleken voor weersinvloeden. Als gevolg hiervan zijn vele ruitjes gebroken of uit de sponningen gelicht. Eerst dezer dagen is toestemming van hogerhand afgekomen en Jentsje Popma is reeds begonnen één der glazen te herstellen. Of het ontbrekende zevende raam door een nieuw vervangen wordt staat nog niet vast “. En krekt dat raam wurdt eins nea wer oer praat…..