Linepraatsjes

Wie kaatst kan de krans verwachten….

26 juli 2022

Als jullie door Reduzum rijden, kunnen jullie zien dat er elk weekend wel wat kransen mee naar huis worden genomen. Tijdens de KNKB Schooljongens A klasse in Harlingen behaalde Lars Tijssen de 1ste prijs, hij werd ook gekozen als koning. Zijn naam zal in de wisselbeker komen te staan, hoe mooi is dat. Hier nog wat uitslagen van onze toppers:

Ballonfeest

25 juli 2022

De lêste dei fan de ballonfeesten fan Joure wie in boppeslach foar de bewenners en guon boeren yn de omkriten. De ballonnen fleagen oant Wytgaard en Wurdum ta. In moai spektakel yn de loft en by it delkommen yn it lân. Yn Friens, Idaerd en Raerd lânen ballonnen. Wat in aardichheidsje oplevere foar de lâneigeners.

Griezelig lekkere Foodmarkt

24 juli 2022

Merkevrijdag start met een heerlijke foodmarkt. De merkecommissie regelt kraampjes en een budget, waarmee jullie hapjes maken voor circa 100 personen. Wil je pannenkoeken bakken, pompoensoep, gebak of nasi maken, of weet je zelf een leuk gerecht? 🥦Doe dan mee!
Eten dat past in het thema zou leuk zijn, maar is geen verplichting. 👻
Wil jij je opgeven om je kookkunsten te delen met dorpsgenoten? Dat kan via rfi.merke@gmail.com!

Fleurich it wykein yn

23 juli 2022

Grietsje van der Heide is der wer klear foar.
It kreamke oan de Trije Romers stiet wer fol moai guod. Hâld har site yn de gaten foar oanpaste iepenningstiden yn de fâkansje. Op Stâl (op-stal.nl)

Komkommertijd

22 juli 2022

‘De periode in de zomer waarin er weinig nieuws is’. Zo omschrijft de Dikke van Dale deze term. En komkommertijd betekent komkommernieuws. Maar reduzum.com blijft ook in deze tijd nieuws bijelkaar sprokkelen. Heeft u een leuke foto, of nieuwtje , mail dat naar redactie@reduzum.com. Geen nieuws is ook nieuws.

Unkrûd bestiet net

21 juli 2022

Bloeiende spûkeblommen (pispotsjes) (Hollânsk: haagwinde) by skoalle meitsje ûnbedoeld in fleurige tekken.

Lekker op stâl

20 juli 2022

Der binne noch dagen yn Nederlân dat je better in ko wêze kinne. De froulju fan Johan Nijdam en syn mem fan Idaerd hawwe it mei dit waarme waar o sa nei it sin.
Lekker op stâl, ûnder it genot fan in fris wyntsje hawwe se it poerbest. Lekker oan kâld bier(bostel) en patat(ierappels), mei fansels wat raukost foar de fitamyntsjes.

Legen oud papier containers

19 juli 2022

Wilt u, als woensdag de oud papier containers geleegd worden er om denken dat:
– De bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg.
– Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken.
– Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit.
Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.

De duvel en de ingel siere de nacht

18 juli 2022

Ofrûne freedtejûn wie der wer nachtkeatsen. De sfear wie super, in publyk kaam manmachtich op dit barren ôf. Op de list stiene mar leafst 16 partoer. In tige slagge evenemint; ûnder de besieljende lieding fan Siebe P. Fennema en Werner Vermeulen. De partij waard sponsore troch Jelmer Lageveen syn bedriuw Eachwiid. In spesjaal tank giet út nei dizze mannen! Moaist ferklaaid neffens de deskundige jury: Melissa Woltjer & Johannes vd Veen (duvel en ingel). Gean foar útslaggen nei Home - Kaatsvereniging Jan Reitsma Reduzum.

Utswaaiparty

17 juli 2022

De simmerfakânsje is begûn. Dêrom hie de aktiviteitekommisje juster in útswaaiparty organisearre. Under genot fan lekkere broadsjes en wat drinken, fertier foar de bern, koe elk noflik byprate. Wêr sille jim dizze simmer hinne mei fakânsje? La Gardenia, Tuinezië, of is jim bestimming earne oars yn Ferwegistan?
Mar foar elk dy't ôfreizget nei hokker fakânsje-oarde (as thús bliuwt) dan ek, we winskje jim in moaie fakânsje ta.





Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie