Linepraatsjes

Vakantietijd, boeken leestijd

16 juli 2022

Lekker in het zonnetje op het terras, of gewoon thuis op de bank. Heb je niets leuks te lezen? Kijk dan eens in de boekenruilkasten die hier en daar staan. In Reduzum staat er een drietal aan de Haedstrjitte. En in Friens staat bij fam. Bergsma een coole boekenkast, in Idaerd bij het Lokaal. Boordevol leuke titels, voor urenlang ontspannend leesplezier.

Prikboerd

15 juli 2022

Noch altiten is it prikboerd ien fan de meast besochte siden fan Reduzum.com en it wurket faak as in tierelier. Sykje jimme bygelyks nei koopjes, as ha jo wat ferlern. Faaks hawwe jim sels noch oertallich guod wat jim wol kwyt wolle. Sjoch dan ris op it prikboerd.

Oargelpaad

14 juli 2022

Onze monumentale orgels hebben grote aantrekkingskracht op orgelspelers die uit het hele land komen om hier te spelen. De stichting Organum Frisicum heeft in samenwerking met de kerkrentmeesters een speelrooster opgesteld. De organisten mogen op 16, 30 juli en 3 september een half uur spelen.

Muzuder Iepen Loft Festival

13 juli 2022

Wat wie it in moaie dei sneon 2 july! De earste edysje fan MILF.
Mei mear as 500 besikers oer de hiele middei en jûn wie it in prachtich festival. De kommisje kin werom sjen op in tige slagge dei sawol foar jong as âld. Hjir in lytse sfearympresje. Sa kin elkenien noch efkes neigenietsje en foar wa't it mist hat sjen hoe gesellich it festival ferrûn is!

Vakantie middenstand

12 juli 2022

Deze zomerperiode sluit een gedeelte van de plaatselijke middenstand tijdelijk zijn deuren om te genieten van een welverdiende vakantie.
Iel en mear blijft deze zomer open.
Voor iedereen die niet voor een dichte deur wil staan, staan hier de vakantietijden van de plaatselijke middenstand.

Nachtkeatsen

11 juli 2022

Op freed 15 july, fan 21:00 ôf, is der wer nachtkeatsen, ûnder lieding fan de organisatoaren Siebe Fennema (06 42926380) en Werner Vermeulen (06 22388528). Jou dy foar woansdei 13 july 19.30 op by ien fan dizze mannen. De keatsferiening hopet op in soad dielname en sjocht jimme graach op freed 15 july! Lykas foarich jier is der ek wer in priis foar de bêste ferklaaide dielnimmer. Dus komt ferklaaid: lûk jimme moaiste, gekste, bêste outfit út de kast!

Utswaaifeest!!

10 juli 2022

Op 16 july, fan 16:00 - 21:00 oere, organisearet de aktiviteitekommisje tegearre mei de sportferiening in útswaaifeestje op it sportfjild! Mei lekkere fergeze hapkes, broadsje burger, knaks. Der komt in springkessen foar de lytskes en behindichheidspultsjes (mar ek bibberspiraal, ballekanon en in grut 4 op in rige) foar de grutten. By moai waar sille we fansels búkskowe, dat wachtsje we noch efkes ôf. Der is in D.J. foar de gesellige dûns- en fakânsjemuzyk.

Future space

9 juli 2022
De bern ha yn de coronatiid in soad oan it gamen west. De bern út groep 7/8 sitte drok te gamen op it skoalplein en besykje as earste de levels te heljen. As se in level helje dogge se in sprong foarút yn de tiid, mar as se in flater meitsje geane se in sprong tebek yn de tiid. Dan ha je wol in probleem, en wat as je by de iuwwikseling komme. Kinne de kompjûters dat oan? Kom tongersdei om 19.00 op it skoalplein. De tribunes stean foar jim klear. Jou eagen en earen de kost. Nim wat jild mei foar de ferlotting en wat drinken.

Koffieochtend in Lokaal

8 juli 2022

Volgende week dinsdag is het weer zover. Het gezamenlijk koffie drinken!
De Wolwêzengroep nodigt iedereen uit om te komen koffiedrinken op: dinsdag 12 juli in het lokaal (achter de kerk).
Vanaf 10.00 uur staat de koffie klaar. Wanneer u slecht ter been bent kunnen we u ophalen. Telefoonnummer: Jelly v.d. Zijl: 0566 602399. Kom ook eens langs en ervaar hoe gezellig het kan zijn.

Club Caffemed zoekt vrijwilligers

7 juli 2022

Club Caffemed is een passende dagbesteding, een plek om thuis te voelen in een leuke, veilige en vertrouwde omgeving.
De groepsgrootte is ongeveer 8 personen van tussen de 45 en 75 jaar. Onze begeleiders en vrijwilligers bieden vijf dagen per week een fijne dagbesteding waarin binnen de groep veel aandacht is voor elkaar. ClubCaffemed is gevestigd in Reduzum en Heerenveen (Oudeschoot).





Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie