Linepraatsjes

Yn petear mei de nije kosters

17 juni 2022

Yn de rin fan it ôfrûne jier hawwe de kosters fan Reduzum en Friens nei in protte ‘tsjinstjierren’ harren stokje oerdroegen. Wieke van Dellen is ferhuze nei Friesmastate yn Grou en Itteke de Leeuw regelet no de saken foar de tsjerke, dy’t Wieke jierrenlang dien hat. Yn Friens ha Piet en Janny Sjonger nei mear as 55 jier de kaai fan de tsjerke yn Friens trochjûn oan Sybren Posthumus. Sawol Itteke as Sybren wenje yn Reduzum en Marjan en Jantsje wiene der wol nijsgjirrich nei wêrom en hoe’t it kosterskip op harren paad kommen is.

Troch de Raarderbosk

16 juni 2022

Ids Zijlstra hat mei hiel soad oare bern fan groep 7 en 8 út de omkriten audysje dien foar it berne-iepenloftspul yn Easterwierrum, wat de kommende tiid opfierd wurde sil. Ids soe earst net meidwaan oan de audysje, want hy wie selektearre foar de 1C seleksje fan it kuorbal.
Syn buorfamke Bente helle him dochs oer om tegearre audysje te dwaan. Allinne op ‘e dei fan de audysjes wie Bente siik en waard Ids selektearre. Yn Linepraat stiet in ferhaal mei Ids.
Jûn is de premjêre.

Hoogvliegers

15 juni 2022

Simmerdeis giet by goed waar, út en troch, fan it sportfjild ôf in luchtballon omheech. Dizze kear ien fan de Stichting Hoogvliegers.

Kuierje mar mei

14 juni 2022

Mei sinneskynwaar as hurde wyn en buien, de kuier trije daagse lûkt altiden in soad rinners. It is al wer efkes lyn, mar we wolle jimme dit filmke graach sjen litte. Allegear ferrassende rûtes útset troch de aktiviteitekommisje. Efkes genietsje fan ús moaie omjouwing.

Onderzoek N354 Sneek-Leeuwarden

13 juni 2022

Bewoners en bezoekers van Fryslân moeten zich veilig en vlot kunnen verplaatsen. Daarom investeerde de provincie Fryslân de afgelopen jaren in het Friese wegennet. De N354 tussen Sneek en Leeuwarden is, na de aanleg van de Haak om Leeuwarden en de Centrale As en de verbetering van de N381, het grootste bestaande knelpunt op provinciale wegen. De maximale snelheid is 80 kilometer per uur. We onderzoeken hoe we deze weg kunnen verbeteren. Lees hier over het hele Onderzoek N354 Sneek - Leeuwarden | Fryslan.

Godlike Komeedzje 2.0

12 juni 2022

Yn boeken, toanielstikken en films binne de opwaarming fan it klimaat en de ûndergong fan de ierde al moai wat jierren in populêr tema. Ek Theatergroep FIER fan Friens, Idaerd, Eagum en Reduzum draacht dêr mei Godlike Komeedzje 2.0 in stientsje oan by fan ’t simmer. Bestel no jim kaarten foar dizze hilaryske en tagelyk konfrontearjende komeedzje fan skriuwer Sietse de Vries en regisseur Job de Roo. https://theatergroepfier.nl

Oud ijzer actie

11 juni 2022

K.V. Mid-Fryslân komt zaterdag 2 juli bij u langs tussen 08.30 en 12.00 uur om uw oud ijzer op te halen. Oud IJzer = ijzer, staal, roestvrijstaal (RVS), aluminium, lood, zink, koper en messing. Dus bewaar kapotte en oude apparaten of gereedschap waar metaal in zit, (limonade)blik, zaag, wasmachine, vaatwasser, gasfornuis, oven, computer, cv (ketel), radiator, fiets, brommer, auto onderdelen (maar géén rubberbanden!), kruiwagen, metalen aanrechtblad, metalen wasbak, kranen, leidingen, dakgoten, betonstaal, archiefkast, etc.

Inloopavond nieuwe dorpsmolen

10 juni 2022

De bouwwerkzaamheden bij de nieuwe dorpsmolen volgen elkaar snel op. In week 23 is de aannemer fundering gestart met het ijzervlechten en het afstellen van het anker om vervolgens in week 24/25 de fundering te storten met beton. De Coöperatie Doarpsmûne Reduzum e.o nodigt u woensdagavond 15 juni uit om 19.30 een kijkje te komen nemen op de bouwplaats. Zij zullen u informeren over de bouwwerkzaamheden en is er de gelegenheid om vragen te stellen ten aanzien van de bouw.
Interesse? Meld u aan via dit formulier.

Slagge!!

9 juni 2022

In spannende tiid fan wachtsjen op ‘e eksamenútslach is foar de learlingen efter de rêch. Hjoed krije se te hearren oft se slagge binne of net. Reduzum.com lokwinsket elkenien dy’t slagge is foar syn of har eksamen. Bist slagge en stiest noch net op ús list? Nim dan kontakt mei ús op: redactie@reduzum.com.

Wa giet de útdaging oan?

8 juni 2022

By de Linepraat sykje se om nije redaksjeleden: ynwenners fan de trije doarpen, jong en âlder, dy’t der aardichheid oan ha, om ris wat foar de doarpskrante te skriuwen, in ferslach fan in aktiviteit yn it doarp te meitsjen of ris oan te skowen by in (âld) ynwenner foar in ynterview.
Wa giet dizze útdaging oan?

Reaksjes en ek fragen kinne jim maile nei: linepraat@gmail.com.





Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie