Linepraatsjes

De earste peal is slein

28 mei 2022

De earste peal fan de nije wynmûne is slein. De bern fan de TDS hawwe nei in gastles fan Jeljer tekeningen makke oer in duorsume takomst. Dizze binne yn in koker mei alle nammen oerlange oan de mûnestifting. Oer 30 jier sille we sjen oft harren dream útkaam is.

Wij gaan zwemmen, maar niet in Bacardi lemon…

27 mei 2022

Op 10 juni heeft QlubbRed weer een leuke activiteit voor de jeugd, namelijk een avond te zwemmen in de Blauwe Golf in Leeuwarden! Zit jij in groep 6,7,8 of klas 1 en wil je ook mee? Geef je dan snel op via qlubbred@gmail.com. Graag in de mail naam, leeftijd en groep/klas vermelden. Opgeven voor: 3 juni 2022 Kosten: €5,-, hier krijgen jullie wat lekkers voor! Zijn er ouders die de kinderen willen halen en brengen?

Nieuwe voorzitter doarpsbelang

26 mei 2022

Het bestuur van Doarpsbelang Reduzum is erg blij met het vervullen van de functie als voorzitter door Djoke Reitsma.
Doarpsbelang is op zoek naar een vervanger van Ranil Korf, die met zijn gezin naar Curaçao vertrekt deze zomer.
Ben je/ bent u bereid om het bestuur met de financiële administratie te ondersteunen voor gemiddeld 2 uren per maand? Stuur dan een mail naar doarpsbelang@reduzum.com

Gewijzigd afvalinzameling tijdens Hemelvaart

25 mei 2022

Op feestdagen wordt de sortibak (grijze container) op een andere dag ingezameld dan je van de Omrin gewend bent.
De containers worden niet op Hemelvaartsdag donderdag 26 mei geleegd, maar het wordt verzet naar zaterdag 28 mei.

De Karavaan nei Reduzum, giest ek mei?  

25 mei 2022

De Karavaan nei de Takomst is in tocht troch Fryslân: fan en troch foarrinners dy't har dwaande hâlde mei in duorsume takomst. De Karavaan nei de Takomst wol besteande duorsume inisjativen yn it sintsje sette troch in poadium oan te bieden foar in ynteressearre publyk. Dielnimmers geane fossylfrij fan it iene duorsume projekt nei it oare: rinnend, fytsend, farrend of ridend. Moarn start der út Ljouwert wei in rintocht nei Reduzum. Yn Reduzum stapt men dan op de elektryske boat nei Grou. Der kinne noch minsken meirinne. Giest ek mei? Oanmelde kin op karavaan.frl.

De tribunes fan Fier

24 mei 2022

De tariedingen foar it iepenloft spul de Godlike Komeedzje binne yn folle gong. De spilers binne al sûnt de winter oan it oefenjen. Juster koe de bouploech oan de bak. Jeroen, Hylke, Binne, Rijk, Tabe, Teun, Abe, Remmelt, Jelle en Koos hawwe drok dwaande west om de tribune by de tsjerke fan Friens op te bouwen. Hawwe jim al kaarten besteld? Jim sitplak is yn elts gefal klear!!

ps Wisten jim dat de tribunes ek te hier binne!

Legen oud papier containers

23 mei 2022

Wilt u, als woensdag de oud papier containers geleegd worden er om denken dat:
– de bakken BIJELKAAR staan met het handvat naar de weg.
– Stamp het papier NIET VAST in de bak en maak lege dozen PLAT. De boel blijft anders steken.
– Zet de bak alleen bij de weg als er BEHOORLIJK WAT in zit.
Als u de bak vol heeft kunt u het papier ook in een doos bij de weg zetten.

Jeu de pelote

22 mei 2022

Kommende tiisdei, 24 maaie, stiet yn Reduzum om 19.00 in kreaker by it Jeu de Pelote op it programma! It team fan Reduzum nimt it thús op tsjin Jellum-Bears II. Team Reduzum wurdt foarme troch: Johannes G. Brinksma; Wytse Erik Tijssen; Alfred Postma; Pieter Roorda; Sjoerd de Boer en Willem Fopma. Dizze mannen kinne grif wol wat stipe brûke...
Boppedat is it Jeu de Pelote ek in aardige keatsfoarm om nei te sjen. Mis it dus net en wês der takom tiisdei by: 19.00 op it sportfjild.

Ofskied fan de âlde wynmûne

22 mei 2022

Lêstendeis wie der in offisjeel barren, by it ôfskied fan de âlde wynmûne. De âlde bestjoersleden fan 28 jier lyn waarden mei blommen en kado's en moaie wurden yn 't sintsje setten. Bartle de Leeuw en Henk Vellinga lutsen tegearre de stekker der út….

Kaartferkeap en ferlotting iepenloftspul Godlike Komeedzje 2.0

21 mei 2022

De posters binne klear en hjir en dêr al te sjen. Godlike Komeedzje 2.0 wurdt in prachtich iepenloftspul! Keapje gau jim kaarten foardat se op binne! Dat kin fia de webside www.theatergroepfier.nl.  
Op 'e Versmarkt fan 3 juny is in ferlotting: eltse klant kin in bryfke ynfolje mei namme en telefoannûmer. De organisaasje fan Fier ferlottet dan twa frijkaarten!





Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie