Linepraatsjes

Noch efkes puzelje

2 januari 2026

Puzelje mar … miskien ha jim de puzel út de desimber Linepraat al oplost en jim oplossing ynstjoerd. Sit jim noch te stinnen ... jim krije noch pear dagen, oant 8 jannewaris. Mail jim oplossings nei puzzel@reduzum.com Under de goede ynstjoerings wurdt in moaie priis ferlotte!

60+ en zin in een sportieve ochtend?

2 januari 2026

Sportieve voornemens? Vanaf woensdag 7 januari 2026 kunt u de hele maand januari meedoen aan de lessen voor slechts € 7,50. U kunt er niet vroeg genoeg mee beginnen! Bent u 60+ en vindt u het leuk om actief bezig te zijn? En wilt u fit de winter door? Kom dan elke woensdagochtend een uurtje meedoen in de gymzaal van Reduzum!

Gymnastiekvereniging

Op 2026

1 januari 2026

Joke, Clazina, Janne Rinske, Wilma, Frederik, Léon, Mardjantie, Koos en Ben fan de internetwerkgroep, winskje jim in soad sûnens, wille, brûzend, mar ek in world wide nijsgjirrich webjier ta!

It nije jier begint yn gloede

31 december 2025

Yn Friens wachtet de brânbult
fan snoeihout en âlde krystbeammen.
Op âldjiersjûn fynt it fjoer syn stim,
flammen drage it âlde jier fuort.
Om it fjoer hinne stiet it doarp,
it waarme ljocht yn in kâlde nacht.
Sa ferbrânt wat west hat,
en begjint it nije jier yn gloede.

Knallend it jier út

31 december 2025

Aldjier hat sa syn tradysjes. Mei-inoar oaljekoeken bakke, fjoerwurk ôfstekke, âldjiersfjoer yn Friens, mar ek it karbidsjitten oan de Legedyk. De hurde knallen, it lûkt altyd wer in soad publyk.
Foto: Edith Zijlstra

Flearmûs kriget help fan gemeente

30 december 2025

De gemeente Ljouwert hat by it begraafplak twa flearmûskasten pleatst om dizze beskerme diersoarte ekstra ferbliuwplakken te bieden. Sa wol de gemeente ynspylje op it tekoart oan natuerlike skûlplakken foar flearmûzen. It projekt makket diel út fan in bredere oanpak fan de gemeente om it bioferskaat te behâlden en te fersterkjen. Njonken foarsjennings foar flearmûzen wurket Ljouwert ek oan maatregels foar oare bistesoarten.
Nieuwe vleermuiskasten op palen in de gemeente Leeuwarden 

Tsjoch 2026

29 december 2025

Samen proosten op het nieuwe jaar! De activiteitencommissie, Sakeklup en Cafe Bar de Welp organiseren op 4 januari een gezellige nieuwjaarsborrel. Een gezellige middag voor alle commissies, buurten en inwoners van Reduzum, Friens en Idaerd!
Vanaf 16.00-17.00 is de inloop en krijg je twee consumpties aangeboden. Uiteraard staat er ook een lekker hapje klaar. Kom gezellig bijpraten en netwerken om er een positief nieuwjaar van te maken!
Wie neem jij mee..?

Nieuwjaarsduik

28 december 2025

Reduzum Bloeit heeft al mooie initiatieven opgeleverd. Zo is er al een zwemgroepje gestart waar de deelnemers op meerdere dagen per week het water in gaan (ook in de winter). Wil je mee doen?
Of zien we je bij Nieuwjaarsduik op 1 januari 2026 om 12.00 uur in de nieuwe Haven op het Swinlân?
Via de QR code kom je in contact met de zwemgroep.

Krystbeammen ynsammelje

27 december 2025

Op woansdei 7 jannewaris komme de bern fan groep 7 en 8 fan ‘e TDS wer troch Reduzum om de krystbeammen yn te sammeljen. Hja dogge dit yn de middei tusken 12.00 oere en 14.00 oere. Foar elke beam dy’t se ynleverje krije se in lot en in sinasapel. Mei de lotsjes meitsje de bern kâns op in bon. Dus, bewarje de beam en lis dizze klear foar de bern. De bern gean net nei Idaerd en Friens ta, mar dy beammen meie fansels ek ynlevere wurde; jo kinne se nei it parkearplak by de sportfjilden bringe. De gemeente Ljouwert komt alles opheljen. Kerstbomenactie - Gemeente Leeuwarden.

Kerstnachtdienst druk bezocht

26 december 2025

De belangstelling voor de Kerstnachtdienst was dit jaar zo groot dat er stoelen in het gangpad bij moesten. De bezoekers konden luisteren en meezingen met het Redúster koor met 18 zangers o.l.v. dirigent Tseard Kramer. De muzikale begeleiding was in handen van fluitist Aafke Reinders en organist Walter Smink. Na afloop werd in de Vincentiuskerk nagepraat en wensen uitgesproken onder het genot van glühwein en druivensap. De sfeervolle aankleding van de kerk was verzorgd door Tjitske Spijkstra, Itteke de Leeuw, Gretha Jorna en Jelmer Lageveen.  De kerstnachtdienst is online te horen via deze link.




Uitgelicht


Winterfoto's
Mail jimme foto's nei
redactie@reduzum.com


Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie