Reduzum.com siket jimme
Jimme binne de eagen en earen fan ús doarp. Yn jim buert, wurkgroep as feriening bart fan alles wat wy net altiten hearre of sjogge. Mar der is grif nijs dat wol aardich is om te fermelden. Of miskien liket it dy aardich om ris wat te dwaan foar de site of foar de sosjals? Wolst in podcast meitsje, of in leuk filmke oer wat der by jimme yn de buert spilet. Hâld ús dan op 'e hichte fan it nijs, middels in mail, in apke of lûk ús oan de mouwe.



