Linepraatsjes

De groeten út….

16 juli 2013
Giest op fakânsje nei La Gardenia, Tuinesie as earne oars yn Verwegistan? Mei help fan it wrâld wide web reizget Reduzum.com graach mei jim mei. Meitsje mei dyn kamera as mobyltsje in leuke foto en stjoer dy op nei redactie@reduzum.com. We meitsje der dan wer in moaie galerij fan.

Wrâldkampioen!

15 juli 2013
Sûnt dit wykein wenje der yn Reduzum in oantal wrâldkampioenen. Afke Kuipers, Henny Tiesema en Tjitske Roorda binne yn Wergea wrâldkampioen wurden mei it spultsje teatsen. Se binne de bêste wurden fan alle froulju fan de wrâld.

Nij sân by swimplak

14 juli 2013
Op it strân fan it Swinlân is fannewike nij sân kommen. De bern kinne no wer noflik boartsje. Ek de boat yn it boarterstûntsje fan it Swinlân is opknapt. En mei de bankjes is it foar de âlders ek noflik sitten.

Yn ‘e ûngetiid

13 juli 2013
Eartiids seagen we simmerdeis dit soart bylden folle faker. Boeren drok yn 't hea. Jan Posthumus wol foar winterdeis, neist kuil, syn bisten noch graach wat hea fuorje. As it dan heawaar is fynt hy it moai om dêrfoar syn eigen opknapte trekker en heapers te brûken.

Wâlbeskoeiïng oan de Legedyk

12 juli 2013
It weidek oan de Legedyk waard troch it tanimmende ferkear hieltiid ferriden. Dit joech meinammen foar fytsers in soad swierrichheden. Ien kear rekke der sels immen troch yn de sleat. Der wurdt no wâlbeskoeiïng oanlein om yn de takomst it fersakjen fan de dyk tsjin te gean.

Drokte op dak

11 juli 2013
Mei dit simmerske waar binne der tal fan minsken oant klussen slein. Sa is de famylje Kuperus fan de Master Gorterstrjitte dwaande mei it fernijen fan it dak. Soan Remko is net te benaud en helpt syn heit in hantsje.

De hobby van…

10 juli 2013
Hans Krabbendam begeleidt in zijn vrije tijd, op de motor, allerlei evenementen. Als motard escorteert hij o.a colonnes van oude legervoertuigen. Maar ook rijdt hij met pers of jury bij wielerkoersen of de Slachtemarathon. Het verkeer regelen bij de TT in Assen en voorrijden bij de Loop Leeuwarden hoort er jaarlijks bij. Dit doet hij al jaren met veel plezier.

Medicijnen bezorgen

9 juli 2013
Voor de patiënten van de huisartsen van Jirnsum en Grou is er een medicijnen bezorgdienst. Klasine Huistra bezorgt twee keer per week op dinsdag en vrijdagmiddag tussen 16.00-18.00 uur de medicijnen. Op D.S.Boerstrjitte 18 hangt een kastje waar de herhalingsrecepten ingeleverd kunnen worden.

Wat hâldt jim dizze simmer dwaande

8 juli 2013
De simmerfakânsje, efkes tiid foar oare saken. Wat dogge jim? In koarte stúdzje, in ferbou fan hûs en hiem, fakânsjewurk op in kamping, alle dagen fiskje as passe je op hûnen en katten fan de buorlju. Lit it ús witte op redactie@reduzum.com. Ommers, gjin nijs is ek nijs

Pjutten op stap

7 juli 2013
De pjutten hawwe fannewike in prachtig skoalreiske hân, ek al moasten de plannen op it lêste momint noch oanpast wurde troch it reinwetter. Dit kear gjin bernebourkerij mar it boartersparadijs Ballorig yn Snits. De bern ha harren poerbêst fermakke. Yn it fleantúch op de monorail, springe op de trampoline en klimme en klauterje yn de apekoai.



Vr. 10 oktober

Di. 14 oktober

Wo. 29 oktober

Zo. 2 november


Uitgelicht

Ha jo fragen of suggestjes? Nim kontakt op mei de webredaksje.
Juridische informatie