Foar de fakânsje party

Wat in middei! In follybaltoernoai, organisearre troch de follybalferiening, wêr’t mar leafst 17 teams striden om de ear. Undertusken starte de aktiviteitekommisje de Foar-de-fakânsje-party op. De bern fernuveren harren bêst op de trije springkessens. Der wie in  klompegolfbaan en in fuotbaldarts (wêr’t je fansels ek lekker mei de bal goaie kinne). Fjouwer sminkers wiene drok dwaande om de bern te foarsjen fan prachtige kreaasjes op it gesicht. Fansels krij je wol toarst fan al dat boartsjen. De ranja gong der dan ek wol yn, krekt as it fruit en in broadsje knak. Lokkich wie der foar de folwoeksenen ek in hapke. In stikje tsiis en woarst of in tomaatsje as komkommerke (mei mooglik makke troch Jumbo Grou) op syn tiid smakke bêst. In grut sukses, dat spitigernôch earder as pland stopje moast troch in grouwe bui dy it op ús fersjoen hie.