Sinteklaasyntocht

Oanfang is 10.00 oere yn de Haven. Dêrnei is der in koarte optocht efter it korps oan nei tsjerke ta.

Sinteklaas en syn piten gean fia Haven, Smedingstrjitte, lâns de âlde Rabobank, ôfslach nei rjochts de Haedstrjitte yn en dan nei tsjerke.

Minsken binne fan herte wolkom om lâns de rûte te stean om te sjen en te harkjen! Yn tsjerke is plak foar 100 minsken. Mocht it sa wêze dat tsjerke fol rekket dan krije bern fansels foarrang by dit bernefeest,

Foar wachtsjende âlders/fersoargers is der de mooglikheid om in bakje kofje as tee te drinken yn it lokaal.


Ferkeapaksje Sinteklaasyntocht yn de wike fan 17 o/m 21 novimber

Om ien en oar te bekostigjen is der yn de wike fan 17 oant en mei 21 novimber in ferkeapaksje.
We komme lâns de doarren mei struiguod. Ien pûdsje foar €2,-, 2 pûdsjes foar €4,- of 3 pûdsjes foar €5,-. Der kin kontant of fia in QR-koade betelle wurde.

We hoopje jimme allegear te moetsjen en alfêst tige tank foar it stypjen!