Slachtecommissie

Kommisje Reduzum 2024
slachtekommisje@reduzum.com
Site: www.slachtemarathon.nl


16 juny
In dei letter…
Wat wie it juster in moaie Slachtedei. De sfear wie super, nettsjinsteande it minne waar. ‘Mienskip’ en ‘ferbining’ op syn moaist.

De redaksje hat foto’s samele en besocht hjir in digitaal album fan te meitsjen ( as jim oanfullings ha, stjoer se mar)

Slachtemarathon 2024 (myalbum.com)


Op 15 juny o.s. stiet tusken Easterwierrum en Raerd de replika fan de Blauwe Tent. Foar in bakje kofje of tee. Yn en rûnom dit plak is der fan 13.00 ôf oere muzyk te hearren fan Siemie en Jack, de Bogerman Bigband en de Big Mill band.
Koartsein, “de laatste loodjes” kinne swingend folbrocht wurde. Kom de dielnimmers oanmoedigjen op dizze dei!!!!


It ûntstean fan de Slachtedyk

Fryslân hie eartiids in lange, trechterfoarmige binnensee, dy’t foar it grutste part fan noard nei súd rûn: de Middelsee. By Snits bûgde dy om nei it westen oant flak by Boalsert.
Earder waard de Middelsee Bordine neamd, nei it rivierke de Boarn, dat by Raerd syn oerstallige wetter nei de see brocht.

Sa om-en-de by it jier 1000 wie it dien mei it oanlizzen fan terpen. De boeren seagen der mear heil yn en meitsje in begjin mei it opheegjen fan de seediken en it ynpolderjen fan de stadichoan tichtslibjende Bordine. In heikerwei mei de ienfâldige middels dy’t de minsken yn dy tiid ta harren foldwaan hiene.

Yn de folgjende ieuwen waard de dyk oan de westlike kant fan de Middelsee op stoarmhichte brocht (de hjoeddeiske Slachtedyk). Doe’t de grytmannen fan Eastergo seagen dat it wurk fan Westergo súksesfol wie, waard ek oan de eastlike kant de iene polder mei de oare ferbûn en de dyk yn syn gehiel ophege.

De ynpoldering fan de Middelsee barde yn fiif stikken yn de rin fan de ieuwen dêrnei. Dúdlik werkenbere dwersferbinings binne hjir tichteby de dyk fan Raerd nei Easterwierrum en de Boksumerdyk by Goutum. It lân dat dêr tuskenyn lei, wie de tredde ynpoldering.

Henk.


De slachtekommisje fan Reduzum hat de soarch fan it dykfak fan Raerd nei Easterwierrum

  • Binne Sjonger (voorzitter en dijkmeester),
  • Reinder Folkert Sjonger
  • Douwtzen Bergsma
  • Eppie Otter (verkeer)
  • Henk Korf (catering).