De duofiets

Op in tiisdei gean ik mei myn rollator de doar út, op wei nei it lokaal. Dêr is kofjedrinken, mar der is diskear ek wat oars, in  demonstraasje fan de duofyts. Dy’t men sels útprebearje mei, ûnder begelieding fan in deskundige. No fyts ik sûnt jierren al net mear en ik betwifelje oft sa’n duofyts wol wat foar my is. Mar ik bin fansels neat ferplichte, sjen kin altyd. As ik by it lokaal kom, stiet de fyts al klear.  In moai nij apperaat, mar wol grut, tink ik. Ik skat de ôfstan fan it seal nei de trapers. Fierstente te grut foar myn koarte poatsjes, sis ik. De trapers kinne fersteld wurde en ik hoech ek net perfoarst te traapjen, wurdt my ferteld. Ja, doei! Men stapt op in fyts om yn beweging te kommen, en dy ha ik wol nedich. Earst mar om kofje en dy smakket lykas altyd poerbêst. Tidens it kofjedrinken wurdt ús troch de begelieders Anneke Mous en Dirk en Agatha Vermeulen útlein hoe’t sa’n duofyts wurket en wat de mooglikheden binne. Dan sil ik it dochs mar besykje. Nêst Agatha stap ik op de byriderskant. Ta myn ferbazing kin ik wol by de trapers. En dan sette we útein. Earst rêstich, mar op de Buorren set Agatha de sokken der yn. Yn folle feart dindere we troch it doarp.  En…ik fyn it prachtich! De wyn boartet mei myn hier, de sinne strielet myn wangen. Dit is echt genietsen, foaral ek omdat ik oars net te dwaan ha as traapje en sa no en dan rjochting oanjaan. Ik fertrouw hielendal op myn begeliedster.  Nei in rûntsje troch it doarp komme we wer by it lokaal, der binne fansels mear dy’t in slach troch de buorren wolle. Foldien stap ik ôf, dit tochtsje sil ik net gau ferjitte. Mei tank oan Anneke, Dirk en Agatha , dy’t op in freonlike wize, mei humor en sûnder oandringen, frijwillich harren tiid hjirfoar ynset hawwe. Froukje Popma