In baltsje fan it keatsfjild

Mail: kfjanreitsma@gmail.com
www.kaatsverenigingjanreitsma.nl
twitter @KvReduzum
Like ons op facebook
Eltse wike krij ik fan alle heiten en memmen wêrfan de bern te keatsen west ha in moaie foto fan de prizen dy’t wûn binne. Dit bin prizen fan de ledepartijen, KNKB- en regiowedstriden, Stichting Score, mar ek it kompetysjekeatsen. Ik ha hjir in hiele administraasje fan byhâlden en wol graach mei jim wat leuke feitsjes diele. Dizze prizen diel ik op sneintejûn op ús Facebook en Instagram-pagina. Wurd freonen mei ús en krij alle útslaggen oan de ein fan it wykein al te witten.
Groetsjes Debby
Kaatsnieuws uit Linepraat



Fuotbal keatsen nij yn Reduzum!
Ofrûne snein(13 juli) fûn de earste edysje fuotbal keatsen plak, wêrby’t we prachtich waar hiene. Mei 6 partoeren en allegearre 5 kear spyljen wie it in wiere kompetysje dêr’t in soad tuskenspul oan te pas kaam. Flinke dûken op it hurde fjild leveren moaie mominten op. Dat wie grif foar werhelling fetber, in prachtige dei en in gesellige neisit.
Lokwinske winners, Tige tank Transportbedrijf Bakker
12 juli
REGIO PARTIJ WELPEN & PUPILLEN YN REDUZUM














Sponsor Kaphus en Astrid Sportprijzen tige tank!
Winners, fan herte lokwinske mei de prizen🥳
























De webside fan Keatsferiening Jan Reitsma wurdt fernijd. Noch efke geduld…..
We binne wer los! De earste keatstrainingen binne wer fan start en ek de kompetysje op tiisdeitejûn is úteinsetten. De bern ha der allegearre in ferskriklik soad nocht oan om wer in baltsje te slaan. En dan wurket it waar de lêste wiken ek nochris goed mei! Genôch yngrediïnten foar in prachtich seizoen. Dit seizoen binne der wol in oantal feroarings. Miskien is it jo al opfallen dat it keatsboekje dit jier in beskiedener foarm krigen hat. Saken as it kantineskema, fjildlisskema en it skjinmakskema krije leden tenei fia de mail en kinne jo fine op ús webside. Mocht de ynplande data út it skema net passe, dan graach ûnderling ruilje en dizze ruil trochjaan fia kfjanreitsma@gmail.com.

En dan ha we noch in wichtige feroaring. Der mei net mear smookt wurde op it keatsfjild of foar de sportbar. Dit moat tenei efter de blauwe line bûten it terrein.

Clinic fan Puur Passie
Snein 13 april wie de clinic mei Puur Passie. Mei in lytse 40 bern en 14 Puur Passie keatsers wie it fjild moai fol. Yn 6 groepen bin der ferskate oefeningen folbrocht. Opslach, útslaan, in baltsje keare foar de keats, mar ek kondysjetraining. Foar it hurde wurkjen hat eltsenien oan de ein in lekkere iisko hân.
Tige tank team Puur Passie!
Nijs fan it trainingsfjild
Yntusken binne de sealtrainingen dien. It wie in grut sukses, sawol yn Grou as yn it sealtsje fan Reduzum. Yn Grou hawwe ferskate trainers en keatstoppers ús jeugd training jûn en yn it sealtsje fan Reduzum hawwe de bern yn lytse groepkes lekker oefenje kind. We hawwe ek twa proeflessen hân foar de jongste kabouters en dêr wiene in soad entûsjaste bern, dy’t dêr op ôfkommen binne.
Sûnt april binne we wer op de moandeitejûn op it fjild oan it keatsen. We hawwe ek in soad nij materiaal, mei tank oan sponsor Van Vuuren! Eltse training wurdt no ynteraktiver, lâns de bouncers, om de pionnen en troch de hoepels. Dit bringt ekstra fermaak en kreative mooglikheden yn de trainingen. Foar de takomst kinne wy net wachtsje om noch mear ferbettering te bringen mei dizze nije materialen.
Nij binne ek Barry en Hotske, ús keatspoppen. Se hawwe foar no allinnich mar in mûtse en kinne noch wol wat klean brûke. Dat meie de bern dan ek sûnder beswier meinimme.


Neist de trainingen op de moandei, meie de bern op freedtejûn sels ek traine, bygelyks mei harren âlden. Der kinne materialen liend wurde fan 18.30 oere ôf.